Ga naar inhoud
MAP
fy

Help de Vikingen

Waan dy yn in oare wrâld. Tusken de sportfjilden fan it Kalverdykje en de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert leit in lytse oaze dêr’t Vikingen ta libben komme. Wolkom yn Asgaard: it plak fan de Noarske goaden. Hjir wenje foaral kreativelingen en thúsleazen dy’t gearwurkje mei bedriuwen en ûnderwiisynstellingen yn de stêd. It terrein docht ûnder Ljouwert-Fryslân 2018 tsjinst as briedplak foar kreativiteit, eksposysjes en feestjes. 

“Earst ite, dan wurkje”, seit Loek, ien fan de bewenners fan Asgaard, wylst er mei syn mes sa grut as in machete in ananas yn stikken hakt en útdielt. Boardsjes en bestek binne der net by. “Of binne we yniens sa sivilisearre wurden?”, freget de yn Antwerpen berne Viking sûnder op antwurd te wachtsjen.

De stjoerhutte
Tusken in allegaartsje oan caravans, keunstwurken en selsmakke hûskes is it poadium mei de bar it middelpunt fan de mienskip. De stjoerhutte fan it Vikingskip. Alles is ferbûn mei paadsjes fan fyksels, skelpen en flierbedekking. Fan boppen sjoen foarmet it terrein in trijehoek wêrfan’t ien hoeke omheech rint. De stjoerhutte is it middelpunt en it heechste punt is de foarsteven fan it skip, mei in terras. Der wurdt hurd wurke om alles op ‘e tiid ôf te krijen. “Elkenien is hjir wolkom, salang ast mar dyn stientsje bydraachst”, seit Loek.

Wichtich is wol dat it stienstje recycle is. “Alles watst hjir sjochst is selsmakke, faak fan ôffalmateriaal, fûn in konteners of op websides om fergees ôf te heljen. Ek krije we faak guod fan ûndernimmers út ‘e omkriten, lykas hout fan de Formido. Dy ananas haw ik hjoed noch yn in kontener fûn. Skande dat minsken soks fuortsmite.”

Eksposysjeromte
It terrein fan rûchwei ien hektare omfettet in kamping, krûde- en blommetúnen, in poadium en in eksposysjeromte dy’t noch yn oanbou is. “De eksposysjeromte neame we de wite wolk”, seit Bonny Veenstra fan Stichting Asgaard. Dizze stichting hat derfoar soarge dat Asgaard op de aginda fan Ljouwert-Fryslân 2018 stiet. “Der is no inkeld in bonkerak. Yn gearwurking mei studinten boukunde fan de NHL is útsocht hokker materiaal we it bêste brûke kinne om it te beklaaien. Dêr sette we ynkoarten mei útein. Yn 2018 sille dêr yn elts gefal twa eksposysjes plakfine. Ientsje oer de depressy nei de winter en ientsje oer de eufory nei de simmer. Elkenien kin meidwaan.”

Stichting Asgaard is dwaande om in echt vikingskip te meitsjen. “We binne okkerdeis nei Aarhus west, de Kulturele Haadstêd fan 2017”, leit Bonny út. “Dêr komme de echte Vikingen úteinlik wei. Ik haw mei in boatebouwer praat en we binne fan doel om mei minsken út beide stêden in boat te bouwen. Dit dogge we fan recycleber materiaal. It moaiste soe wêze as we him yn Aarhus bouwe en hjirhinne farre kinne.”

Hannen út ‘e mouwen
Asgaard is ôfhinklik fan frijwilligers. Stek de hannen út ‘e mouwen en meld dy oan fia stichtingasgaard@gmail.com.

 

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens