Ga naar inhoud
MAP
fy

HOLSTMEER yn premjêre

Ofrûne wykein is it teatertrijelûk HOLSTMEER yn premjêre gien. Teaterselskip De Jonge Republikein nimt dy yn dizze foarstelling mei troch de keale binnenwrâld fan de finzenis, de bûnte famkesopfang yn Fier en einiget op it plysjeburo. De fammen en mannen fan de Holstmeerwei iepenje yn dizze unike foarstelling foar ien kear harren doarren. 

Famke sûnder namme
De fammen fan Fier besykje wurden te finen om it ûnútsprekbere te dielen. Om de grutte tafel yn harren Fier Kwartier hinne sjonge, spylje en fertelle se it libbensferhaal fan it ‘famke sûnder namme’. Wat it famke fielt en tinkt bliuwt ditkear net om de tafel, mar wurdt dield mei wa’t it mar hearre wol. Dêr is moed foar nedich. Om djip syk te heljen, alle betrouwen te sammeljen en harren stim hearre te litten. Foar it famke sûnder namme, mar boppe-al foar elkoar en harsels. 

Fier is it lanlike ekspertize- en behannelsintrum foar slachtoffers fan geweld yn ôfhinklikheidsrelaasjes. De opdracht dy’t Fier himsels stelt, it it stopjen fan geweld, it foarkommen fan geweld en it bieden fan help by de gefolgen fan geweld. 

Regisseur Silvia Andringa: ‘Us hiele team hat hiel yntinsyf gearwurke mei de bewenners fan de Holstmeerwei. De mannen en de fammen nimme in risiko troch harsels sjen te litten. Dat hawwe se oandoarst en dat sjogge we op in prachtige en persoanlike wize werom yn de foarstelling. Ik bin grutsk op it einresultaat en de reis dy’t sy makke hawwe.’

Yn myn holle bin ik frij
De klok yn de finzenis tikket ûnferbidlik troch en twingt de mannen fan de PI ta einleas wachtsjen. Elke dei wer komt itselde momint dat de mannen efter de doar gean en allinne liten wurden. Dan binne se frij yn har holle om te gean wêr’t se wolle. Mar wêr moatst hinne as dyn tinzen dy finzen hâlde? En wat dochst mei dyn tiid ast der tefolle fan hast? Weromtinke yn lilkens of spyt of langje nei wa’t dy leaf is? Penitinsjêre Ynrjochting (PI) Ljouwert is sawol in Hûs fan Bewar as in finzenis en hat kapasiteit foar ûngefear 280 detinearren. 

Fuort!
Oan de grienstreek fan de Holstmeerwei, by it plysjeburo, stiet in bankje. Dêr reitsje in famke en in man op in sinneskyndei mei elkoar yn petear. Beiden kenne se de trije grutte gebouwen oan de oare kant en wolle se net werom nei binnen. Mar de stap nei in nij libben yn de stêd is grut. Hy is op syk nei goeie freonen om him foar nije útgliders te behoedzjen. Sy siket alle krêft yn harsels om har allinne steande te hâlden en net opnij fuort te sakjen. Miskien hawwe se wat oan elkoar. Moatte se op elkoar steune kinne? Of op de mienskip? En wa binne dat eins?

It tredde part fan it trijelûk spilet him ôf op it plysjeburo. It plysjeburo yn Ljouwert stiet as rjochtshânhâlder en beskermer hast symboalysk tusken de twa ynstellingen yn. Hjir komme de ferhalen fan de bewenners byinoar. Spile troch de akteurs Eelco Veenema en Caroline Mgata en ynspirearre troch de fammen en de mannen fan de Holstmeerwei. 

HOLSTMEER is ûnderdiel fan it haadprogramma fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. It inisjatyf foar de foarstelling komt fan de Fryske sjoernalist Auke Zeldenrust. Hy wol hjirmei in moeting kreëarje dy’t in brêge boud tusken wy en sy, tusken de Mienskip en de Inkeling. HOLSTMEER spilet tsien kear yn febrewaris, maart en april 2018. Troch it unike karakter fan de foarstelling is it tal plakken beheind en yntusken útferkocht. 

Oer De Jonge Republiek
De Jonge Republiek is teaterselskip fan regisseur Silvia Andringa, dat ferantwurdlik is foar it bysûndere trijelûk. Ut de foarstellingen fan de Jonge Republiek sprekt in grutte belutsenheid by de sosjale en maatskiplike fenomenen fan ús tiid en kompasje mei de minsken dy’t dêryn harren wei besykje te finen. Yn de ûntsteansprosessen binne de spilers net allinne útfierders, mar faak ek ko-makkers fan de foarstellingen. It projekt HOLSTMEER slút prachtich oan by dizze wize fan wurkjen.

www.dejongerepubliek.com.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens