Ga naar inhoud
MAP
fy

Houtfestival fan Under de Toer

Fan leppelsnijer oant kettingseachkeunstner. Fan houtbrander oant meubelmakker. Wolst ûnderfine watst allegear mei hout dwaan kinst? Sjoch dan ris yn Mantgum. Sneon en snein azemet MFC De Wjukken hout: út alle poarjes. Foar de earste kear en spesjaal yn it ramt fan de Under de Toer-foarstelling ‘De man dy’t hout dûnsje liet’ wurdt it Dûnsjend Hout Festival hâlden. 

Tritich houtbewurkers út binnen- en bûtenlân toane de moaiste kreaasjes. Se litte sjen dat de mooglikheden fan it houtbewurkjen ûnbegrinze binne en jouwe it publyk de mooglikheid en romte om séls mei in houtblok oan ‘e slach te gean. 

De professionele houtbewurkers komme út Fryslân, Nederlân, Dútslân, België en sels Alaska. 

Der wurde lêzingen jûn, der is in muzikaal programma en der wurde rûnliedingen yn de tsjerke jûn. Bern wurde fermakke yn de bernehoeke wêr’t, fansels, houten boartersguod stiet.

It festival is sneon fan 13.00 oant 22.00 oere en snein fan 13.00 oant 20.00 oere. In kaartsje kostet 4 euro en is ynklusyf kofje of tee. Bern (oant ‘e mei groep 8) meie foar 1 euro nei binnen. It Houtfestival fynt plak yn om MFC De Wjukken hinne, Op ‘e Terp 21 yn Mantgum.

Mear ynformaasje (en kaartferkeap) is hjir te finen. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens