Iepening LF2018-publykssintrum en WaterPanorama yn earder Aegon-pân

13 april 2018 

It eardere Aegon-gebou oan it stasjonsplein yn Ljouwert docht fanôf freed 13 april offisjeel tsjinst as publykssintrum fan Ljouwert-Fryslân 2018. Boppedat is it WaterPanorama fan Sense of Place en WaterConnecting te bewûnderjen.

Publykssintrum
It restaurant fan it eardere fersekeringspân is omtovere ta in gastfrij publykssintrum dêr’t de besiker fan Ljouwert-Fryslân 2018 him ynformearje litte kin oer wat der yn de provinsje allegear te dwaan is rûn Kulturele Haadstêd. It publykssintrum en de tún binne daagliks te besykjen fan 9.30 oant 17.00 oere. 

Wetterpanorama
Yn de binnentún fan it gebou stiet it waadkeunstwurk WaterPanorama, nei in ûntwerp fan Sense of Place-direkteur Joop Mulder en arsjitekt Alex van de Beld. It WaterPanorama is troch keunstners Irem Kaneli en Stijn Smit út waadklaai makke en jout in abstrakte werjefte fan eb en floed en de oanhâldende beweging fan it Waadgebiet. In lûdskeunstwurk fan Tristan Visser fersterket dy erfaring. Njonken it WaterPanorama is yn de binnentún ûnder mear de aquateek fan de Ljouwert keunstners Groenewoud en Buij te sjen. It WaterPanorama is ien fan de projekten fan WaterConnecting 2018. 

WaterConnecting 2018
WaterConnecting 2018 is it wetterprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018 yn en om Ljouwert hinne. WaterConnecting 2018 lit elkenien yn ‘e kunde komme mei de skientme en it ferskaat fan it Fryske wetter en daget út om nei te tinken oer ús takomst. Ekstreme delslach, perioaden fan drûchte en in stigende seespegel freegje om nije ideeën en tûke oplossingen foar in klimaatbestindich Fryslân. Yn febrewaris brocht WaterConnecting it ljochtspektakel Waterlicht nei Ljouwert. Oare aktiviteiten binne ûnder oare:

·         26 april: iepening fan keunstprojekt Salix Fragilis Leovardia. De moaie wylgetiennen keunstwurken binne al te sjen om de Potmarge hinne en yn de binnenstêd.
·         28 en 29 april: in spetterjend Waterfestival by de Watercampus en de Potmarge Oase, wetterwille foar it hiele gesin. 
·         Fjouwer Fryske wetterbeleefrûtes litte dy de moaiste wetterhotspots fan Fryslân sjen. Jong en âld kin him ferwûnderje oer alle foarmen fan wetter dêr’t we yn Fryslân sa grutsk op binne.  
·         22 septimber: it twirjende Experience Day om publyk op in bysûndere en ûnferwachtse wize mei wettertechnology yn oanrekking te bringen. Underdiel fan de European Water Tech Week.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators