Ga naar inhoud
MAP
fy

IepenUP Live beroert en ûntroert mei Love Me Gender

IepenUP Live stiet op woansdei 14 maart folslein yn it teken fan de ‘gedrachs- en identiteitsaspekten fan sekse, as ûnderskieding fan lichaamlike en biologyske aspekten’. Pardon? We hawwe it oer gender. Love Me Gender toant trije miny-foarstellingen dy’t oan it tinken sette, ûntroere, sjokkearje en oan it laitsjen meitsje. Yn Neushoorn, fanôf 19.30 oere. Lykas altyd fersoarget Omrop Fryslân de live-stream. 

As earste is it poadium foar teatermakker Igor Vrebac. Dizze Bosnysk-Nederlânske headliner biedt syn publyk mei De Træns in útdaagjende foarstelling. Muzyk en beweging wurde tanksij twa sensuele performers en komponist Tonny Nobel ta yn perfeksje útfierd. It is bysûnder dat Vrebac, dy’t yn 2016 debutearre mei it priiswinnende Macho Macho, syn foarstelling yn dizze yntime setting en net yn in teater spilet. Komt dat dus sjen! 

Dêrnei de Naakte Waarheid; in spin-off fan de online searje The Naked Truth wêrby’t transgenders (De Transketeers) op de bühne sjoggersfragen beantwurdzje. Tidens dizze live quiz freget it publyk se letterlik it himd fan it liif. Stel alle fragen dy’tst in transgender oait stelle woedest, mar net earder doardest. 

De stand-up-comedians fan Comedy Kitchen beslúte it teatrale part mei in folslein froulike line-up. Sadat it ferskaat oan froulik comedy- en kabarettalint oan in sa breed mooglik publyk presintearre wurdt. Soula Notos en Dian Liesker trede beiden tsien minuten op.

De jûn einiget mei in foarlêzen kolumn fan Lisa Peters, sjoernalist en genderspesjalist. Se skriuwt oer froulju, mânlju en elkenien dêr tuskenyn. Dat docht se foar ûnder mear De Correspondent, de Volkskrant, Het Parool, Knack, Psychologie Magazine en OneWorld.

IepenUP is in multydissiplinêr programma om aktuele fraachtsikken hinne. Oer hoe’t we gearlibje yn in wrâld dy’t feroaret. IepenUP Live komt ta stân yn gearwurking mei Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en is ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens