IepenUP Live earet ferstoarne dichter Piter Yedema

Talkshow IepenUP Live stiet woansdei 25 april wiidweidich stil by it ferstjerren fan Piter Yedema. De yn Boalsert berne Yedema ferstoar sneon yn it MCL nei’t er in pear dagen earder mei hertklachten opnommen wie. Yedema waard 77 jier âld. Hy wie oankommende woansdei ien fan de gasten fan Iepen UP Live. “Fryske dichters lêze yn Neushoorn foar út it wurk van Piter”, seit Jacco de Boer fan IepenUP Live. “It wurdt in passend earbetoan.’’

It tema fan woansdei is ‘wetterferhalen’; mei in foarbeskôging op it Waterfestival yn Ljouwert en optredens fan skriuwers út it hiele lân. Auteur Chris Polanen fertelt oer syn boek Waterjager wêryn’t in (fiktive) dyktrochbraak de Surinaamske haadstêd Paramaribo ûnder wetter set. Maartje Wortel, waans kollums ûnder mear ferskynden yn NRC Next en Trouw, fertelt oer de rol dy’t wetter spile yn har jeugd. 

Fierder binne der optredens fan skriuwer Asis Aynan, sjoernalist, teolooch en tv-presintatrise Marleen Stelling en Nina Polak (De Correspondent en De Groene Amsterdammer). Rasferteller Age Veldboom, oprjochter fan it Fryske Skûtsjemuseum yn Earnewâld, ferhellet op folslein eigen wize oer Fryske skûtsjes. 

De muzikale ûntfangst wurdt fanôf 19.30 oere fersoarge troch it rûge Rotterdamske havenorkest Dope Gezinde Gemeente.

IepenUP Live fynt lykas altyd plak yn it kafee fan Neushoorn (de backstage) en begjint om 20.00 oere. De ynrin is fanôf 19.30 oere en de tagong is fergees. Omrop Fryslân stjoert wer út mei in livestream. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators