Ga naar inhoud
MAP
fy

In poerbêst oftewol ‘uitmuntend’ 2018

Fryslân is de earste Nederlânske provinsje dy’t syn eigen munt krijt. Ofrûne tongersdei fûn de Seremoniële Earste Slach fan it Ljouwerter Fyfke plak. De eare wie oan boargemaster Ferd Crone yn it eardere postkantoar Hotel Post-Plaza.

Hoewol’t it de Earste Slach hjit, is it yn feite de lêste munt dy’t slein wurdt. Fan dit stuit ôf giet de munt yn omrin en krije samlers harren langferwachte munt. Tjeerd van Bekkum, direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018, is grutsk op dizze taastbere erfenis: “Dit is hagelhurde legacy. Fryslân is de earste provinsje mei syn eigen munt. Prachtich.” Ek Pieter Douma, foarsitter fan it Leeuwarder Ondernemersfonds, is bliid mei de munt: “It is in klinkende munt wêrmei’t we de neilittenskip fan LF2018 symbolisearje. Ek yn 2020 binne we noch altyd Kulturele Haadstêd fan Europa fan 2018.” It LOF is as haadsponsor ferbûn oan in protte projekten en lit sjen dat folslein ûndernimmend Ljouwert achter Kulturele Haadstêd stiet.

Skiednis yn in modern jaske
De yn Iran berne Navid Nuur makke it winnende ûntwerp foar de munt. In bûnte mingeling fan Frysk erfgoed dat oanslút op it programma fan Ljouwert-Fryslân 2018 bringt de eigensinnige krêften út it ferline by dy fan hjoed. Syn fisy: ‘Mei in betinkingsmunt fiere je it libben, belibje je it momentum en eare je it ferline’.

De munt referearret oan Fryske tafrielen lykas it Fryske hynder, pompeblêden, wetter, sylboaten, it Dadaïsme, de juwielen fan Mata Hari en de hoarn fan kultuer en feestlikheden. Dizze ferwizingen binne mei de nijste 3D-techniken yn de munt gravearre, mar earst troch de wei fan âlde ambachten as houtgravueres makke. Dêrtroch is elk hoekje oars.  

Ferskillende munten
Yn totaal wurde der 50.000 munten makke fan fersulvere koper yn saneamde UNC-kwaliteit. Dat binne munten dy’t foar de omrin slein binne, mar net yn omrin brocht wurde. Dat betsjut dat de munten nei it stimpeljen yn in fergearbak opfongen wurde sadat se in beskeadiging fertoane kinne. 

Foar de samler wurde 15.000 munten fan fersulvere koper yn BU-kwaliteit slein, dat stiet foar Brilliant Uncirculated. Dit binne de earste munten dy’t mei in stimpel slein wurde, wêrtroch se mear glimme en gjin beskeadigingen fertoane. Wa’t in hiel bysûnder oantinken wol, kin foar in sulveren of gouden munt gean, wêrfan’t der respektyflik 5.000 en 1.000 slein wurde. Hoewol’t de munt in wettich betelmiddel is, meie se allinne yn Nederlân brûkt wurde.  

De earste fan 2018
De Koninklijke Nederlandse Munt bestiet sûnt 1567 en wie tusken 1807 en 2002 de iennige ynstânsje yn Nederlân dy’t munten slaan mocht. De alderearste betinkingsmunt wie it Sulveren Tientsje yn 1970. Dizze munt waard slein ta oantinken fan 25 jier sûnder oarloch. Dizze munt hjit fan Nederland herrijst. Sûnt de ynfiering fan de Euro wurde der elk jier ferskillende betinkingsmunten fan twa, fiif en tsien euro slein. It Ljouwerter Fyfke is de earste betinkingsmunt fan 2018.  

Tekst: Mark Grupstra / foto: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens