Ga naar inhoud
MAP
fy

In tafoeging oan de Fryske kultuer

By de hurde punkmuzyk fan It Dockumer Lokaeltsje tinkst net sa gau oan in klassiker as de Matthäus Passion fan Johann Sebastian Bach. Dochs is Peter Sijbenga, ûnder oare sjonger fan dy punkband, dejinge dy’t it fan oarsprong Dútske muzykstik omtovere hat ta Frysk masterwurk. It Noord Nederlands Orkest (NNO) en Lân fan Taal hawwe de opdracht jûn spesjaal foar Ljouwert-Fryslân 2018 dit stik oer te setten.

“In oersetting is in oersetting”, seit Peter. “Ik set fan alles oer. Fan teaterstik oant poëzy en sang. Alles hat syn eigen útdagingen, wat it wurk leuk makket. Hoe mear hendikeps ik mei krij foar in opdracht, hoe mear aardichheid ik der oan ha. By de Matthäus Passion moast ik mei in hiele soad dingen rekken hâlde, om’t de Fryske oersetting sa ticht mooglik by it orizjineel bliuwe moast.”

Mear as allinne oersette
De tekst fan de Matthäus beslacht sa’n fyftjin pagina’s op A4-formaat, ferdield oer 68 parten, en fertelt oer de lijenswei fan Jezus. “Ik bin begûn mei it oersetten fan in pear haadstikken. Nei it perfeksjonearjen fan dy stikken haw ik de rest oerset. Ast de tekst oersetst en dêrby gjin rekken mei de muzyk hâldst, kloppe guon stikken net mear. Dêrom is it wichtich dat koardirigint Leendert Runia meisjoen hat. Dochs moatst somtiden wol ôfwike fan de orizjinele tekst om’t oersetten wurden ienfâldichwei net rymje of út in oar oantal wurdlidden besteane.”

Linige taal
“It Frysk lient him hiel goed foar oersettingen út it Dútsk wei”, leit Peter út. “Kinst fanôf Dútslân in taalline lûke nei Ingelân. Fryslân leit op dy line. It Frysk leit tichterby it Dútsk as it Nederlânsk, bygelyks yn de oerienkomstige ‘g’. De Fryske taal is hiel elastysk, klanken kinne faak maklik útrutsen wurde.”

Op dit stuit repetearret it NNO om it stik te perfeksjonearjen. Fan 22 oant ‘e mei 30 maart fine de útfieringen troch hiel Fryslân en yn Grins plak. Wat der dêrnei mei it stik bart, wit Peter net. “Ik soe it leuk fine as it faker útfierd wurdt, it is in tafoeging oan de Fryske kultuer.”

Wêr & wannear
22 maart, 19.30 oere, Stedsskouboarch De Harmonie, Ljouwert
23 maart, 19.30 oere, St. Martinustsjerke, Dokkum
24 maart, 19.30 oere, Grutte Tsjerke, Harns
27 maart, 19.30 oere, Skouboarch De Lawei, Drachten
29 maart, 19.30 oere, De Oosterpoort, Grins
30 maart, 19.30 oere, Theater Sneek, Snits

Bestel kaarten fia 2018.nl/lanfantaal.

Noch mear Bach
Njonken de Passy fan it NNO en Lân fan Taal binne der ferskate mienskipsinisjativen dy’t in Passy opfiere. Hoite Pruiksma fertolket mei De Fryske Passy it ferhaal fan Johannes tusken 16 en 30 maart op ferskillende lokaasjes. 11 maart organisearret Collegium Vocale yn gearwurking mei ferskate Fryske koaren en solisten de Fryske Mattéus Passy fan Eppie Dam dat yn 2019 ek noch trijeris it stik opfiert op ferskate lokaasjes yn Fryslân. 

It NNO hat gauris repetysjes wêr’st bywêze kinst. Hâld se yn ‘e gaten fia facebook.com/hetnoordnederlandsorkest

 

Tekst & foto: Mark Grupstra

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens