Ga naar inhoud
MAP
fy

It gewei fan Hylpen

Rin troch Hylpen en waan dy yn de gouden iuw. Tusken de bakstiennen kommandeurswenten fynst oantinkens oan de rike kultuer fan de 17e iuw. Hylper skippers genoaten in gigantyske rykdom. Sa lieten se ikenhouten meubels meitsje en de muorren fan harren wenning beskilderje mei eksoatyske motiven. Op dit stuit wurdt der hurd wurke oan ien fan de 11 Fountains. Under mear troch it ambachtlike meubelmakkersbedriuw Roosje Hindeloopen. 

“Earst stienen de Hylpers skeptysk tsjinoer de komst fan de fontein fan Ljouwert-Fryslân 2018”, seit Titus Stallman, skilder by Roosje Hindeloopen. “Wat moatte we mei in fontein yn sa’n wetterrike stêd? It ûntwerp kaam ek noch ris fan in bûtenlânske keunstner. Wilens tinke de measten der nuansearre oer. De keunstner hat him goed ferdjippe yn de histoarje fan Hylpen.” 

11Fountains
De fontein wurdt in libbensbeam mei dêromhinne it gewei fan it hart út it âlde wapen fan Hylpen. It gewei wurdt in konstruksje fan acht meter breed en trije meter heech. Skipshelling Blom, ek in lokaal bedriuw, makket de konstruksje dêr’t it gewei omhinne komt. De mannen fan Roosje meitsje it ikenhouten gewei dat tagelyk as bankje tsjinnet. It bûnte motyf fan blommen, krullen en fûgels dat de Hylper styl kenmerket, komt yn de libbensbeam werom. 

Wa’t troch de gong mei glazuere fliertegeltsjes fan it museumeftige winkeltsje fan Roosje rint, sjocht him de eagen út. Boppenoan de steile trep fan de eardere kommanderuswenning is it atelier. Tusken de sierlik beskildere stuollen, ikoanyske klaptaffeltsjes en tradisjonele priksliden blykt hoe bysûnder it wurk fan it fjouwer generaasjes âlde famyljebedriuw is. “Us famylje makket sûnt 1894 echte Hylper meubels. No doch ik dit tegearre mei myn broer Johan. Us meubels geane de hiele wrâld oer. Sa steane se op beurzen yn stêden as Milaan en New York. Sels de prinsessen Aamalia en Ariane hawwe in Hylper bernestoel”, seit Titus grutsk wylst der in foto op de tafel as bewiis pronket. 

Prioriteit
Ljouwert-Fryslân 2018 stiet no boppenoan de bestellist fan Roosje. “It meitsjen fan meubels is no wat fertrage. Us klanten ferwachtsje maatwurk en witte dat dat tiid freget. We sjogge ús klanten oars ek net as klant, mar as relaasje. Se komme sa út en troch lâns, gewoan om efkes te sjen hoe’t it giet. Se fine it just prachtich en bysûnder dat wy meidogge oan Kulturele Haadstêd en begripe dat harren bestelling dêrtroch wat langer op him wachtsje lit. De fontein moat nammentlik yn maaie klear wêze.”

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman & Team Horsthuis

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens