Ga naar inhoud
MAP
fy

Jeugdkultuerfûns Fryslân wol tanksij LF2018 ‘ferdûbelje’

Bern moatte folle aktiver belutsen wurde by kulturele eveneminten. Om dat foar elkoar te krijen binne it Jeugdkultuerfûns Fryslân en Ljouwert-Fryslân 2018 in gearwurking oangien. It partnerskip moat liede ta in gruttere dielname en ynteresse foar keunst en kultuer ûnder de jeugd. “Fan museumbesite oant muzykles: elk bern hat rjocht op in flinke poarsje kultuer.”

It Jeugdkultuerfûns Fryslân helpt bern fan 4 oant 18 jier dy’t dûnsje, muzyk meitsje of toanielspylje wolle mar dat net kinne, om’t it harren thús ienfâldichwei oan finansjele middelen ûntbrekt. Per bern stelt it fûns alle jierren in bedrach fan 450 euro beskikber, bygelyks te besteegjen oan de kontribúsje, in ynstrumint of in nij balletpakje. 

Tjeerd van Bekkum, direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018, en Henk Buith, foarsitter fan Jeugdkultuerfûns Fryslân, sette beiden harren hantekening ûnder in gearwurkingsoerienkomst. “We binne aanst sichtber by ferskate eveneminten fan LF2018 dy’t op bern en jongerein rjochte binne”, seit Henk Buith. Te tinken falt oan projekten as Adje Lambertsz, Look@Me en At the Watergate.

Dy sichtberens – it bekender meitsjen fan Jeugdkultuerfûns Fryslân – tsjinnet in wichtich doel, seit Buith. “Yn 2017 makken 500 bern gebrûk fan ús fûns. Dat oantal wolle we yn 2018 ferdûbelje.” Tjeerd van Bekkum: “Keunst en kultuer moatte foar elk bern berikber wurde, ek yn de jierren nei 2018. Hjirmei wurdt it bêste út it bern helle en kin syn of har talint in kâns krije. Ik bin der fan oertsjûge dat bern hjirtroch gelokkiger en selsbewuster wurde.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens