Ga naar inhoud
MAP
fy

Jonge geasten en it brún kafee fan Freed

By ynkomst falt in oantal dingen op. Dit is gjin kantoar lykas it haadwurd kantoar ea nei alle gedachten yn de Dikke Van Dale opnommen is. Der steane in tafelfuotbalspul en spulkompjûterkast en yn it midden wurdt de romte dominearre troch in brede trep. Links fan de trep leit in wiere glydbaan. Joalich, stylfol en tige modern. In resepsje? Dêr docht Freed net oan.

De lêste oanwinst is it kafeetsje, hielendal boppe oan de trep. Der is in taap en in stamtafel. “Hjir fergaderje we.” It bedriuw fan It Surhústerfean – folút Freed Mobile+Interactive – makket en betinkt apps. En dat kinne se goed. Foar Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 ûntwikkele Freed de LF2018-app. Fansels te downloaden op de gebrûklike plakken.
 
Jong wêze is in pree
Direkteur en mei-eigner Wouter Slotegraaf (42) liedt mei kompanjon Jan Kooistra in team fan sân jonge app-bouwers. Jong en regionaal, sa profilearret Freed him graach. “It is sels in pree dat myn kollega’s jong binne en út ‘e omkriten komme”, fyn Harkyt Wouter, heit fan trije bern en troud mei Dieuwke. “De hjoeddeiske techniken ûntwikkelje har nammentlik tige fluch. Jongeren binne yn ‘e regel folle better yn steat dy ûntwikkelingen by te hâlden.”

Freed lit boppedat sjen dat spesjalisearre kennis net altyd fan fier hoecht te kommen. “We bliuwe dizze regio hoe dan ek trou. Dit is wêr’t we wei komme, dit is wêr’t myn kollega’s harren thús fiele. En ja, mooglik kinne we op dizze wize in lytse bytsje bydrage oan it tsjingean fan de krimp…”

Elke dei is freed
It team wurdt meikoarten útwreide mei twa krêften. Nei alle gedachten ek de earste frou. “Dat komt de gearstalling en de prestaasje fan it team ten goede.” Freed is as earste fan de pear noardlike bedriuwen spesjalisearre yn it ûntwikkeljen fan apps. Want dát is wat se foar it grutste part dogge. Yn wat dregere taal; Freed Interactive rjochtet him op it advisearjen, realisearjen en mooglik partisipearjen fan mobile en ynteraktive oplossingen.

Wouter: “We wolle dat elke dei gearwurkje mei ús it gefoel fan in freed opropt. Dêrfandinne de namme Freed.” Jan Kooistra en Wouter Slotegraaf beskikke beiden oer erfaring yn de ICT- en ynternetbrânsj. “We binne selsfersekere, kreatyf, in hiel lyts bytsje eigenwiis, technysk goed ûnderlein, hurdwurkjend mar boppe-al in noflik bedriuw om mei gear te wurkjen. We geane oant it gatsje”, ferklearret de eardere fuotballer fan Harkemase Boys, de klub wêrfoar’t er sa’n sechstich wedstriden yn it earste alvetal spile. “De perioade yn de Haad- en Topklasse, de sportive heechtiiddagen fan de Boys, wienen foar my krekt te heech grepen.” Wouter is noch altyd in Boys-man: hy wurket ûnder mear oan de pr en is aktyf yn it jeugdbestjoer. 

Grutte klanten
Freed waard yn 2012 oprjochte en is sûnt dy tiid húsfeste oan de Lauwerswei op It Surhústerfean. It klantebestân groeide oanhâldend en befettet bekende nammen sa as GGZ Friesland, Rodenstock, Marktplaats, Wagenborg, Ziggo, KNVB, Tennis Australia, HZPC, Bouwgroep Dijkstra-Draisma, Omrin, Rabo Vastgoedgroep, Ministerie van Defensie, Sportvisserij Nederland, De Friesland Zorgverzekeraar en Stenden University. Foar al dizze ynstânsjes makket Freed de applikaasje. 

Wouter ûnderstreket nochris dat Freed him it leafst as in normaal bedriuw gedraacht. “Wichtige, technyske taal geane we út ‘e wei. De klant moat it begripe.” En dy glydbaan dan? In brún kafee as fergaderromte en in âlde spulkompjûter? Ynterieur dat je earder ferwachtsje yn in hippe Amsterdamske wyk; is dat dan út te lizzen? Wouter: “Och, sa’t ik al sei, we binne in hiel lyts bytsje eigenwiis…”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens