Ga naar inhoud
MAP
fy

Kaartferkeap Conference of the Birds fan start

De kaartferkeap foar Conference of the Birds, ien fan de meast yn it each springende simmereveneminten fan Ljouwert-Fryslân 2018, is 13 maart fan start gien. Dûnsers en akteurs en muzikanten fan tsientallen korpsen komme yn dit muzykspektakel byinoar ûnder lieding fan regisseur Guy Weizman (Noord Nederlands Toneel, Club Guy & Roni) en muzikant/komponist Sytze Pruiksma. De foarstellingen fine plak op seis simmerjûnen, fan 7 oant ‘e mei 18 july yn natuergebiet De Griene Stjer, oan de eastkant fan Ljouwert. 

Conference of the Birds is in byldzjende teater-, dûns- en muzykfoarstelling oer de krêft fan it kollektyf. It ferhaal fan de foarstelling is basearre op it epyske Perzyske gedicht ‘De samenspraak van de vogels’, wêryn’t in groep fûgels op reis giet om in lieder te sykjen. Om der úteinlik efter te kommen dat se sels de kening binne fan harren eigen lot. Guy Weizman: “Ik hoopje dat de foarstelling minsken ynspirearret om har eigen lieder te wurden, en om eat yn beweging te bringen.”

Foarm, lokaasje en ynspiraasjeboarne binne net tafallich keazen. Op it Fryske plattelân is troch grutskalige lânbou it bioferskaat ferdwûn. De monokultuer liedt ta in grut kultureel en biologysk ferlies. De minsk is ferantwurdlik foar syn leefomjouwing, foar natuer en kollektyf. En sa’t fûgels allinne meiinoar in reis oerlibje kinne, binne ek minsken fan elkoar ôfhinklik. Sytze Pruiksma: “Ien persoan kin eat yn beweging bringe, mar in kollektyf kin noch folle mear berikke. Net allinne oangeande fûgels, dy’t troch in ôfnimmend bioferskaat dreger oerlibje kinne, mar ek oangeande de HaFaBra-kultuer. Dy stiet nammentlik ek ûnder druk.”

Dêrom set Conference of de Birds natuer én kultuer op in poadium. It is yn alle opsichten in Mienskipsprogramma: mar leafst tûzen muzikanten fan Fryske HaFaBra-korpsen binne yn dizze foarstelling te hearren. Guy: “It wurdt echt in spektakulêre muzyk- en dûnsfoarstelling, en in unike erfaring. De foarstelling is allinne dizze simmer te sjen. Safolle muzikanten, dy krijst noait wer by elkoar.” De korpsen dy’t meidogge, kinne ek meidwaan yn de kaartferkeap: in part fan de opbringst fan de troch harren ferkochte kaarten giet nei it korps. 

Birds & Brass

Conference of the Birds borduert fierder op Birds & Brass, dat bestiet út meardere foarstellingen yn Fryslân ûnder lieding fan de Fryske muzikant en komponist Sytze Pruiksma. Birds & Brass levere ferrassende muzykfoarstellingen en in bysûndere gearwurking tusken de korpsen op. It luts folle Fryske sealen én fjilden. 

In ‘foarpriuwke’ fan Conference of the Birds (Kening fan’e Greide) makke dit jier ûnderdiel út fan it tradisjonele nijjierskonsert fan it Nederlands Blazers Ensemble op 1 jannewaris yn it Concertgebouw en twa dagen letter yn De Harmonie yn Ljouwert.
 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens