Ga naar inhoud
MAP
fy

Kening en Keninginne iepenje Ljouwert-Fryslân 2018, Kulturele Haadstêd fan Europa

Syn Majesteit de Kening en Har Majesteit de Keninginne ferrjochtsje sneontejûn 27 jannewaris 2018 de offisjele iepening fan Ljouwert-Fryslân 2018, Kulturele Haadstêd fan Europa (LF2018). It Keninklike Pear ferrjochtet tegearre mei de Fryske befolking de iepeningshanneling fan it kulturele jier. 

“Dit is geweldich nijs”, seit Tjeerd van Bekkum, direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018. “We binne tige fereare dat de Kening en de Keninginne ús gasten binne. De keninklike tasizzing om it iepeningswykein by te wenjen, ûnderstreket nochris wer it nasjonale belang fan LF2018. Fryslân fertsjintwurdiget Nederlân as Kulturele Haadstêd fan Europa. Hjir meie we grutsk op wêze.”

It iepeningswykein set op freed 26 jannewaris útein mei it LF2018-liet ‘Seis oere Thús’ dat presys om 12 oere op alle Fryske skoallen songen wurdt. De freedtejûn stiet yn it teken fan 2018 ferhalen. Hiel Fryslân moetet elkoar yn winterwaarme sfearen om ferhalen te fertellen en te belústerjen. Yn museums, by de minsken thús én yn kafees en buerthûzen. 

Op snein 28 jannewaris fynt de earste foarstelling fan Marijke Muoi plak, ûnderdiel fan it projekt Under de Toer, te sjen yn de grutte of Jacobijnertsjerke yn Ljouwert. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens