Ga naar inhoud
MAP
fy

Kulturele-Haadstêdjier 2018 iepenet op trije pleinen tagelyk

It is safier! Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 giet kommend wykein offisjeel fan start. 

We sette alfêst de wichtichste publyksynformaasje op in rige:

Yn it iepeningswykein set Arriva pendelbussen yn. Parkearje kin sneon 27 jannewaris de hiele dei op it P+R-terrein by it WTC Expo oan de Heliconwei yn Ljouwert. Parkearjen kostet 6 euro, mei dit kaartsje meie de besikers fergees mei de pendelbus. Fan 15.00 oere ôf ride de pendelbussen de besikers fan en nei it sintrum. De bus rydt yn elts gefal oant nachts 01.00 oere. 

De offisjele iepeningshanneling begjint sneon om 21.30 oere hinne, tagelyk op it Wilhelminaplein, Aldehoustertsjerkhôf en Gouverneursplein. 

In protte winkels yn it sintrum bliuwe sneon langer iepen, oant 21.00 oere. Om 14.00 en 14.30 oere trede op tsien plakken, tusken it winkeljemde publyk, bern fan it projekt Asdje Lambertsz op. 

Tusken 19.00 en 21.00 jouwe sa’n 60 LF2018-projekten yn de Ljouwerter binnenstêd in foarpriuwke: de ‘2018previews’.  ‘De Stormruiter’ ferwolkomt besikers mei Fryske hynders op de ynfalsdiken nei de binnenstêd, der farre ferljochte skûtsjes en der binne ekstra yt- en drinkgelegenheden. De iepeningshanneling einiget om 22.15 oere hinne. Oanslútend binne der afterparty’s yn Schaaf City Theater, De Koperen Tún en Neushoorn.

Ferskate Fryske basisskoallen iepenje it wykein op freed 26 jannewaris om 12.00 oere troch meiinoar it liet ‘Seis oere Thús’ te sjongen. Jûns, tusken 19.00 en 22.00 oere, wurde op hast 200 lokaasjes, by museums en partikulieren, de 2018ferhalen ferteld. Mear ynformaasje hjiroer stiet op www.2018verhalen.nl

Op snein 28 jannewaris steane de premjêres fan in oantal projekten fan LF2018 – ûnder oare de tentoanstellingen Beyond DaDa en De Stijl yn museum Drachten en de foarstelling Marijke Muoi yn de Grutte Tsjerke – sintraal. 

Om alle besikers oan de binnenstêd sa goed mooglik it paad te wizen is der in digitale plattegrûn beskikber: Plattegrond 2018. Op www.plattegrond2018.nl steane de grutste eveneminten mei alle beskikbere ynformaasje. Oer it evenemint sels, de iepeningstiden, de foarsjenningen en de kuier- en ferkearsrûtes. 

Wiidweidige publyksynformaasje oer it Iepeningswykein – mei ûnder mear ynformaasje oer de wykeinprogrammearing, is ûnder dizze link te finen. Folgje ús ek op Twitter (#LF2018) en Facebook (/LF2018) en soargje derfoar dat de LF2018-app op dyn snoadfoan stiet. Download him hjir foar Apple en hjir foar Android.  

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens