Ga naar inhoud
MAP
fy

Kulturele Haadstêdjier iepenet yn Amsterdam mei oade oan de ierde

It folsleine team fan Ljouwert-Fryslân 2018 winsket jo in lokkich en foarspoedich 2018. Mei de offisjele iepening noch te gean (26, 27 en 28 jannewaris) start it Kulturele Haadstêdjier op 1 jannewaris mei in bysûndere edysje fan it Nieuwsjaarsconcert. Ditkear spilet it LF2018-projekt Kening fan ‘e Greide nammentlik mei yn it Concertgebouw fan Amsterdam. 

It nijjierskonsert is in ko-produksje fan it Nederlands Blazers Ensemble en BNNVARA, yn gearwurking mei ‘Kening fan ‘Greide (King of the Meadows). Kening fan ‘e Greide is in programma dat ûnderdiel útmakket fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. It nijjierskonsert wurdt op 1 jannewaris jûns om 19.00 oere troch BNNVARA útstjoerd op de telefyzje (NPO 2). It folsleine team fan Ljouwert-Fryslân winsket jo alfêst in geweldich en ûnferjitlik 2018!

Hjirûnder it artikel dat sjoernaliste Jantien de Boer foar de Ljouwerter Krante skreaun (yn in Fryske oersetting): 

“It tradisjonele nijjierskonsert fan it Nederlands Blazers Ensemble dat op 1 jannewaris op telefyzje útsjoerd wurdt kleuret dit jier Frysk. It wurdt in oade oan it lânskip, de skries en de ierde.

Likernôch trije jier lyn kaam it idee op yn ‘e holle fan komponist Sytze Pruiksma. Wie it, mei it kulturele jubeljier 2018 yn gedachten, net in idee om it tradisjonele nijjierskonsert fan it Nederlands Blazers Ensemble (NBE) te wijen oan it Fryske, Nederlânske en Europeeske lânskip? 

Bart Schneemann, artistyk lieder fan it NBE gekjeiend: “Wat ik der fan fûn? Ja saai.” Tegearre mei Sytze Pruiksma sit er oan in lange tafel, mei rigen sopkommen foar de musisy, want der wurdt tusken de repetysjes troch goed iten. 

It Nederlands Blazers Ensemble kiest tradisjoneel in tema foar it nijjierskonsert. Ferline jier wie dat ‘Gimme the Blues’ (“Hast rúzje mei dyn âlden, slagget it efkes net yn ‘e leafde?”), yn 2015 ‘Oost West thuis niet best’, oer de flechtlingekrisis, en dit jier liet it har ynspirearje troch it Fryske boargerinisjatyf Kening fan ‘e Greide. Schneemann: “Ik bin tige begean mei it miljeu. Ik fyn it net frjemd om mei in fingerke te swaaien. Spitigernôch is it sa dat it moat.”

Bioferskaat? 'Oersaai'

Mar bioferskaat? Hy priuwt it wurd op syn tonge, sjocht fiis. “Oersaai. Oant Sytze my fertelde oer de urginsje derfan. Hy liet sjen dat it ferlies oan soarten taastber wurdt yn ús lânskip. As ik eartiids nei de greiden bûten de stêd seach, fûn ik it prachige griene fjildsjes. Ik koe de skries net iens.” Lit stean dat er wist dat de greidefûgels yn it moderne boerelân swier ûnder druk steane. 

Sytze Pruiksma: “Bart is in stedsjonge.” De NBE-foarman: “Ik wenje yn de drokste strjitte fan Amsterdam. Mar sûnt Sytze my ferteld hat dat it bioferskaat yn de stêd grutter is as op it plattelân sjoch ik oars nei myn túntsje. It falt my no yndie op hoefolle fûgeltsjes der komme.”

Moandeitejûn om sân oere giet it op NPO 2 oer de soarten dy’t ferdwine. Oer it teloargean fan de ierde en it Europeeske lânskip. It ferhaal is bekend, wit Pruiksma, mar noch lang net by elkenien. Miskien sit it by 5 prosint fan de minsken tusken de earen. “By de rest net.” En mei muzyk wurdt it no ris prime time op in oare wize ferteld.  

Bart Schneemann: 'Muzyk is in hiele noflike wize om eat oer te bringen sûnder belearjend te wêzen’

Schneemann: “Muzyk is in hiele moaie foarm om eat oer te bringen sûnder belearjend te wêrzen. It kin ek fluch. As we delstrike op in doarpsplein yn Senegal is der yn in omsjoch in jamsessy regele. En dat giét earne oer hear. Doch dat mar ris mei taal.”

Muzyk is fan in oare oarder. Schneemann relativearjend: “Miskien hat it mear effekt ast it ûnderwerp by De Wereld Draait Door behannelest, mar dit sil ek minsken reitsje.” Pruiksma: “En ast ienkear rekke bist troch it ferlies fan de soarten, is neat dwaan gjin opsje mear. Minsken tinke miskien dat it dreech is.” Hy bonkt mei in fûst op syn hert. “Mar it ís net dreech.”

Alles falt gear

Bart Schneemann stalde it konsertprogramma gear. No, ûnder de repetysjes, komt alles byinoar. It is kreatyf, it is spylje sa’t bern spylje, mar dan op heech nivo troch topmusisy, seit Pruiksma. En alle emoasjes komme foarby. De Wilhelm Tell-ûvertuere fan Rossini is opswypkjend, mar it konsert einiget mei Abschied, it slotpart fan Das Lied von der Erde fan Mahler. Pruiksma: “Dat fyn ik geweldich dapper.”

Schneemann: “Ja, ik wit net hoe’t dat falt. It is it swierste stik.” Mar hy docht it. It Nederlands Blazers Ensemble is net benaud foar it eksperimint. 

Sytze Pruiksma: 'Se binne hiel fleksible, en sa gek as in spiker.'

Sytze Pruiksma: “Se binne hiel fleksibel, en sa gek as in spiker.” Schneemann knikt. “It konsert is fan tefoaren betocht, mar it is wol op it liif skreaun fan de musisy. En no, ûnder de repetysjes, is it in demokratysk proses.”

It Nederlands Blazers Ensemble repetearret yn in rûnte sadat elkenien kontakt mei elkoar meitsje kin. En Bart Schneemann dirigearret net, mar spilet mei op hobo. “Yn de klassike muzykkultuer stiet der in diktator mei in stôk foar it orkest. Dan begjinne de repetysjes op moandeitejûn en is it stik op woansdei klear. Dat moat ek wol as in dirigint 50.000 euro yn ‘e wike fertsjinnet, as it net 100.000 is”, seit er. 

Sytze Pruiksma prúst. “Jahaa”, knikt Schneemann. “En yn de oare úterste foarm begjint in orkest te repetearjen yn maart as der allinne noch mar in titel is, en knutselje de musisy fierder troch oant de try-out, wêrnei’t se opnij sleuteljen gean en dêrnei in foarpremjêre hâlde op in geheime lokaasje.” Opromme: “Wy sitte der wat tuskenyn. Mar úteinlik hak ik de knopen troch.” 

Aventoer

It is in aventoer ja, mei in ûnwisse ôfrin. Schneemann earlik; “Oft ik wolris wanhoopsmominten haw? Jawis. Noch altyd.” Mar sa heart it. Sytze Pruiksma: “Superspannend is it.” Aanst iepenet er yn syn ientsje as in fûgel it konsert, dêrnei falle de oaren yn. 

Yn it Frysk wer fertelt er oer de Iraanske Sina dy’t in dei derfoar neist him op de Ney, in Perzyske fluit, spile. “Yn ien kear sieten wy yn elkoars wrâld.” It orkest fielde de ferbining ek. Elkenien wie rekke. De ferslachjouwster fan Vroege Vogels dy’t alfêst kaam te sjen, siet mei de triennen yn ‘e eagen. Dat docht muzyk, seit de Fryske komponist. En dat wol er tegearre mei it Blazers Ensemble oerbringe. Want it mei dan in rotwurd wêze, bioferskaat, it is wol in hiel wichtich rotwurd. 

Optimistysk

En hy is net somber, bekent er. Wier net. “Ik wurd der hiel bliid fan, fan fûgels.” Oft er optimistysk is oer de takomst? “Ja.”

It nijjierskonsert krige de titel ‘Lang zullen we ronddraaien’. Pruiksma wer yn it Nederlânsk: “We hawwe gjin kar toch?”

Op 3 jannewaris wurdt it nijjierskonsert spile yn in útferkochte Harmonie yn Ljouwert. It is in geskink fan de weryndielde gemeente Ljouwert oan har ynwenners. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens