Ga naar inhoud
MAP
fy

Lân fan Taal feestlik fan start

Lân fan Taal giet freedtejûn feestlik fan start. Tagelyk mei it begjin fan ien fan de grutste manifestaasjes fan Ljouwert-Fryslân 2018 wurdt oan de foet fan de Aldehou ek it besikerssintrum Obe iepene. Om dat te fieren is der in fergees tagonklik taalfestival. Op freedtejûn is ek de premjêre fan ‘Foarlopichlân / Voorlopig land’, in meartalige fideoprojeksje op de skeve toer fan Ljouwert.

Op sneon 3 febrewaris hâldt Tresoar iepen hûs en op snein 4 febrewaris foeget DNALWD2018 in bysûnder raam mei buiskes ta oan it DNA-keunstwurk. Yn de Prinsetún organisearje Lân fan Taal en Explore the North tegearre it trije dagen duorjende ‘Spreekbotenfestival’.

Freed 2 febrewaris 2018: Fergees minyfestival
Metien nei de premjêre fan de projeksje begjint der in fergees festival. Yn Obe erfaarst de taalynstallaasje ‘In So Many Words’ fan de Britske keunstner Tim Etchells en yn it Gemeentehûs it buiskes-keunstwurk fan DNALWD2018. Tresoar barst foar Lân fan taal út syn foegen fan de eksposysjes en multymedia taalkeunstwurken. Yn de Prinsetún follet Explore the North in oantal boaten mei in (mear)talich programma. Yn de Koperen Tún draaie fan 20.30 oere ôf ferskillende dj’s. 

Freed, sneon en snein: Spreekbotenfestival Prinsentuin en Obe jûns iepen

Op trije boaten en yn De Koperen Tún programmearret Explore the North muzykliteratuer en in searje sprekbeurten. Under oare skriuwster/sjoernaliste Nynke de Jong is te gast en ek Tsead Bruinja makket diel út fan it festival.

Op freedtejûn spilet ‘The Jerry Hormone Ego Trip’, in band dy’t Nederlânsktalige ferskes sjongt oer ûnder mear de Kaketoekan, in medisynman en suskes fan freonen dy’t ûndogensk binne. Oanslútend spylje en sprekke mear muzikanten en dichters en draait in dj oant middernacht. Op freedtejûn binne it nije taalpoadium Obe, Tresoar en it gemeentehûs (DNALWD2018) iepene foar publyk. 

Op sneontejûn giet om 19.00 oere yn in sfearfol ferljochte Prinsetún it Spreekbotenfestival fierder. Besikers rinne fan boat nei boat en litte har ynspirearje troch sprekbeurten dy’t 15 minuten duorje. Unbekende en bekende sprekkers fertelle oer wat harren ûnberonge fassinearret. De ûnderwerpen binne ferskaat, fan ‘Blind vertrouwen op mijn geleidehond’ oant ‘Billie Holiday’ en ‘Hoe muziek werkt’.

Op sneintemiddei 4 febrewaris feroaret de Prinsetún yn in ‘Kunst-taal-lab’ foar bern. Sy meitsje ûnder begelieding fan taalleafhawwers yn trije stappen in sprekbeurt. In sintúgekast jout ynspiraasje en in grut rêd jout in ûnferwachtse draai oan elk ferhaal. Nei in it ûndersykjen en meitsjen meie de bern presintearje op teaterskip de Bald’r. Harren koarte sprekbeurten wurde oan elkoar praat troch akteur Karel Hermans.

Tuskentroch fertelt Peter Sijbenga oer de groep8-musical dy’t hy skreaun hat, praat Tim Laning fan Grendel Games oer games en is der in koarte rap-ymprovisaasje-foarstelling te sjen. Yn it Gemeentehûs wurdt om 13.00 oere yn it DNALWD2018-keunstwurk it buiskesraam fan de obs Montessorischool pleats. De skoalle dy’t yn 2016 meiwurke hat oan de alderearste DNA-pilot.

Iepen hûs yn Tresoar (sneon)
Sneon hâldt Tresoar oerdeis iepen hûs. De poëzymasines dy’t hiel 2018 draaie wurde yn gong setten, der wurde minykolleezjes jûn en it Historisch Reisbureau wurdt iepene. Trochrinnend kinne kreative âlden en harren bern terjochte by Poëzie Fantasie. It iepen hûs slút ôf mei in Literaire Peepshow.

Alle lokaasjes en tiden op in rige:

Freed 2 febrewaris:
20.00-20.20 oere: Premjêre projeksje Aldehou, Aldehoustertsjerkhôf
20.30-22.00 oere: Obe, Tresoar en Gemeentehûs (DNALWD2018) iepen
20.30-00.00 oere: Spreekbotenfestival yn Prinsetún (3 boaten en De Koperen Tún)

Sneon 3 febrewaris:
10.00-17.00 oere: Gemeentehûs (DNALWD2018) iepen
10.00-21.00 oere: Tresoar en Obe iepen
15.00-18.00 oere: Iepen Hûs yn Tresoar
19.00-00.00 oere: Spreekbotenfestival yn Prinsetún (3 boaten en De Koperen Tún)
20.00-20.20 oere: Projeksje Aldehou, Aldehoustertsjerkhôf

Zondag 4 februari:
10.00-18.00 oere: Obe en Tresoar iepen
12.00-17.00 oere: Gemeentehûs (DNALWD2018) iepen
13.00-17.00 oere: Spreekbotenfestival mei keunst-taal-lab yn Prinsetún (3 boaten)
20.00-20.20 oere: Projeksje Aldehou, Aldehoustertsjerkhôf

Alles is fergees tagonklik. Kom by de boaten fan it het Spreekbotenfestival op tiid, want fol is fol!

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens