Ga naar inhoud
MAP
fy

LF2018-dropke Oldtimers smaakfolle oanfolling op programma

Hy leit fan hjoed ôf yn de skappen fan supermerk Poiesz: it offisjele LF2018-dropke. It Kulturele Haadstêddrop is produsearre troch Snoepfabrikant Concorp fan Jirnsum en sil fan ‘Oldtimers Ljouwerter Tuorren’ hjitte. “Dat is watst in smaakfolle oanfolling op ús programma neamst”, seit Tjeerd van Bekkum, direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018. 

It LF2018-dropke wurdt eksklusyf ferkocht troch Poiesz. Hjoed wurde fergeze doaskes Oldtimers útdield oan klanten fan de supermerk. Snoepfabrikant Concorp sleat op 14 novimber 2017 oan as ko-sponsor fan Ljouwert-Fryslân 2018. It dropke – in replika fan de ferneamde Ljouwerter Aldehou – is it earste konkrete resultaat fan it partnerskip. 

“Mar we sille mear dwaan”, seit Thijmen Peter de With, de algemien direkteur fan Concorp. “We lûke op it mêd fan marketing bygelyks meiinoar op sadat we elkoars promoasjonele aktiviteiten fersterkje kinne.”

De Oldtimers Ljouwerter Tuorren wurdt yn in saneamde limited edition útbrocht. “As it nedich is”, sa seit De With, “dan meitsje we der mear sadat it dropke ek nei 2018 te krijen is.” De earste dropkes waarden tongersdei 18 jannewaris yn Supermerk Poiesz yn de Ljouwerter wyk Aldlân útdield. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens