‘Lit der gjin misferstân oer bestean!’

17 april 2018 

Elke oanfal op parsefrijheid, artistyke frijheid en frijheid fan mieningsutering karre wy ôf. Lit dêr gjin misferstân oer bestean!
Us stichting, Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 (LF2018), koesteret dizze ferkrigen frijheden, dy’t in grut goed binne en mei de basis foarmje foar in demokratyske rjochtssteat. Gjin inkeld gespreksûnderwerp mei yn ‘e ban dien wurde. It is de ferantwurdlikheid fan elke Europeeske Kulturele Haadstêd oan dizze wearden ynfolling te jaan.

We foarûnderstelle dat ús kollega’s fan oare kulturele haadstêden allyksa dizze wearden ûnderskriuwe en dat hja lyk as wy hjiroer evaluearre wurde.

Okkerdeis skreaun it ynternasjonale skriuwerskollektyf PEN in brief oan de Europeeske beliedsbepalers wêryn’t se ûnder mear oprôp ta diedkrêftich ûndersyk nei de dea fan de Malteeske sjoernaliste Daphne Caruana Galazia.

Wy ûnderstreekje it belang fan ûndersyk om’t wy elke foarm fan geweld tsjin hokker sjoernalist wêr dan ek op ‘e wrâld ferwerpe. De essinsje fan it programma fan LF2018 is dat de keunst- en kultuersektor it poadium krijt; mei it doel dat elke foarm fan keunst en kultuer toand wurde kin; mei it doel dat keunstners yn alle frijheid oan harren projekten wurkje kinne; mei it doel dat der alle romte beaun wurdt oan it debat oer maatskiplike en polityke kwestjes.

Sa wurdt der oankommende woansdei yn de wyklikse LF2018-talkshow Iepen UP Live wiidweidich praat oer it ûnderwerp demokraasje en de rjochtssteat en komt ek de brief fan PEN oan bod.
Ik sil dizze jûn yn Neushoorn Ljouwert yn petear mei Vonne van der Meer, de foarsitter fan PEN Nederlân. Jo binne fan herten útnûge om dizze jûn by te wenjen.

Tjeerd van Bekkum, direkteur Ljouwert-Fryslân 2018.

 

Hjirûnder (yn it Frysk en Ingelsk) in gedicht fan Eeltsje Hettinga, de provinsjedichter fan Fryslân. De Ljouwerter skreaun okkerdeis dit gedicht ta de neitins fan de yn Valletta fermoarde Daphne Caruana Galizia.

Under in moanne folgroeid en wyt
as in útsinnich wylde jirpel,

sit in man, heal yn it tsjuster,
allinnich, smokend op syn waranda,

de flier besiedde mei reklame,
kranten en folders oer timpels en

stêden en hotels mei fiif stjerren.
Mar faai is it nijs, dat dreaun troch

bline deamasines, it eilân
syn wytkalke grêven bleatlei.

Ien inkelde bom blies in auto
beneistenby de bergen oer, swart-

ferbrând wie de tonge dy’t Malta’s
maffia it fjoer oan ’e skinen lei.

Jirpelpûden klapten as roeken
de heuvels oer, beboud mei bergen

Bildtske setters. Do, wês wach, Watse,
yn Europa’s nacht. Yn it dal fan

de dea stuts men it wurd yn brân,
sa’t men oait boeken de flammen yn treau.

EELTSJE HETTINGA

 

Under a moon full-grown and white
like a wild potato gone mad,

a man sits, half in darkness,
alone and smoking on his veranda,

floor strewn with advertising,
newspapers and brochures about temples

and cities and five-star hotels.
But grim is the news driven

by the machinery of death, the island
lays bare its whitewashed tombs.

A single bomb blew a car almost
over the mountains and left the tongue

that made life hell for Malta’s mafia
dead and charred. Like crows

the potato sacks took wing over hills
closely planted with seed potatoes from

Het Bildt. Ai, watch your back, Jack,
now night has fallen in Europe.

In the valley of death they torched the word
the way they once slid books into the flames.

Translation: David Colmer

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators