Ljouwert-Fryslân 2018 en Asteriks presintearje Stadsoase

Pop-up stedspark as poadium en makkersplak yn hertsje sintrum 

De nije Stadsoase yn de tún fan it eardere Aegongebou, rjocht tsjinoer it stasjon, giet op sneon 28 april fan start mei in muzyk- en teaterprogramma. Yn de maaiefakânsje wurde der troch Podium Asteriks, yn opdracht fan Ljouwert-Fryslân 2018, fjouwer eveneminten organisearre. Alle programma’s binne fergees tagonklik. Mear ynformaasje is te finen op stadsoase-leeuwarden.nl.

Mei de Stadsoase organisearje LF2018 en Asteriks mear presintaasjeplakken foar jonge makkers. Dêrtroch moatte de kreative yndustry en popkultuer yn Ljouwert en Fryslân in kwaliteitsympuls krije. Yn de maaiefakânsje geane de fjouwer earste eveneminten fan start. 

Stemmingmakerij
Op 28 april fanôf 20:00 uur litte Deeptrax Records en King Kong Records de bêste nije muzyk fan oer de hiele wrâld hearre. Deeptrax, de finylparserij, en platesaak King Kong binne as ‘poartewachters’ fan nije muzyk wichtige stimmingmakkers. Op dizze sneontejûnsboarrel binne de nije platen ek te keap.

Man met Snor 
It Ljouwerter Man met Snor is in team fan betûfte ymprovisaasjeakteurs. ‘Improvisatie op z’n snorst’, sizze se der sels oer. Op snein 29 april fan 20.00 oant 22.00 oere treedt it selskip op. 

Suksawat presintearret: it ferhaal efter it nijs 
Op 1 maaie giet Suksawat yn op it ferhaal efter it nijs. Fan 20.00 oere ôf is de Stadsoase it poadium foar sterke ferhalen en nijsgjirrige gasten. Allyksa as it by it lokale blog giet: ferwachtsje útdaagjende kollums, krityske fragen en eigensinnige ynfalshoeken.  

WordPerfect 
Wat hawwe Dave Budha en Joost Oomen mei elkoar gemien? Wat is it ferskil tusken rap en poëzy? Yn WordPerfect wurdt op 3 maaie fan 20.00 ôf yngien op de populêrens fan hiphop en de oerienkomsten (of ferskillen) mei poëzy en literatuer. Mei optredens fan Dave Budha, KUO en folle net genôch.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators