Ga naar inhoud
MAP
fy

Ljouwert-Fryslân 2018 is offisjeel begûn

No binne we écht los. Dit wykein wie de offisjele start fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018.

De iepeningshanneling waard ferjochte troch it Nederlânske keningspear, dat tsjerkeklokken yn de hiele provinsje liede liet. It gebear kundiget in ymposant en meislepend jier oan: Fryslân is út namme fan Nederlân it hert fan kultureel Europa. In dielde eare mei Valletta2018, dit jier de oare kulturele haadstêd fan Europa. 

It wykein liedt metien de earste grutte evenminten yn: op 2 febrewaris is de premjêre fan it projekt Lân fan Taal en op 1, 2 en 3 febrewaris is Waterlicht fan ljochtkeunster Daan Roosegaarde yn de haadstêd te sjen. It útferkochte teaterprojetk Holstmeer, yn de Ljouwert finzenis, folget yn febrewaris, krekt as Marijke Muoi, de earste en grutste foarstelling fan it projekt Under de Toer. 

It iepeningswykein begûn freedtemiddei om tolve oere op de Fryske basiskoallen. Muzyk, teater en foardrachten wienen dêrnei it skaaimerk fan sawol de freed- as de sneontejûn. Freedtejûn iepenen likernôch 250 museums en partikulieren harren doarren. Se foarmen it dekôr fan 2018verhalen. Elkenien wie útnûge om bysûndere ferhalen te dielen. Der kamen sa’n 25.000 besikers op ôf. 

Ungefear sechstich projekten joegen sneontejûn in foarpriuwke yn it stedssintrum fan Ljouwert. It ynternasjonale projekt De Stormruiter ferwolkomme besikers mei Fryske hynders, der farden ferljochte skûtsjes en op de trije grutte pleinen yn de stêd stienen tweintich meter hege replika’s fan de ferneamde skeve toer De Aldehou. It iepeningsfeest fûn tagelyk op de trije grôtfolle pleinen plak. De sneon luts nei skatting 40.000 besikers nei Ljouwert.

EU-Kommissaris Frans Timmermans oerlange boargemaste Ferd Crone en deputearre Arno Brok ûnder de byienkomst yn stedsskouboarch De Harmonie de Melina Mercouriprijs fan 1,5 miljoen euro, fanwegen de sterke Europeeske diminsje en it belûken fan de mienskip, sa seit it sjueryrapport.  

Njonken rom omtinken fan regionale en lanlike parse luts it iepeningswykein in opfallend soad bûtenlânske media: sjoernalisten fan ûnder mear ZDF, The Observer, BBC, Rai Uno, Deutsche Welle en VRT dienen ferslach fan de eveneminten. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens