Ga naar inhoud
MAP
fy

Love

Dizze kollum fan Wybe Fraanje stie ôfrûne sneon yn it Frysk Deiblêd. We fûnen him sa moai dat we him graach mei jim diele. 

Earste bekentenis fan 2018: ik fyn se moai. Dy twa ymmins grutte, hagelwite bernekopkes op it Stasjonsplein yn Ljouwert dus. Nei in pear wike wenne is de konklúzje: se binne te gek.

It hiele stasjonsgebiet is hoe dan ek prachtich opknapt en ast no oanfytsen komst oer dy natuerstiennen bûlevaar sjochst dus yniens dat betoverjende keunstwurk Love fan Jaume Plensa. Kolossaal en kwetsber tagelyk. Robúst en rank.  

It sjocht derút oft se deryn fotoshopt binne, as in digitaal knutseltafriel. 

Mar dan komst der efter dat se der wier steane. It ultime keunstwurk: it eaget nep, mar dan docht bliken dat dyn each ferrifele wurdt. De artyste-ympresje blykt in artyste-ekspresje.

In gigantyske trompe- l’oeil yn 3D.

Freon en fijân sille it deroer iens wêze: Love jout in ferfrjemdzjende diminsje oan it oansjen fan it Stasjonsplein, de Súdersingel, de Sophialeane en de Lange Merkstrjitte. In dekôr dat ûngenêslik oan gewoante lijde, dêr koe de donkerglêzen wolkeklauwer fan Abe Bonnema of de morbide kiosk fan Nynke Rixt Jukema sels neat oan feroarje. 

En dan docht er it noch net iens.

Want it is eins in fontein.

Stel dy ris foar dat der in permaninte mist om dy hollen hinget, ûngefear oant de boppenlippen fan de bern ta. Dan sjochst dus as argeleaze treintoerist twa heale bernehollen fan sân meter út de dize opdúnjen. Geweldige ynkommer.

Dy dize ferberget miskien wol in folsleine fantasywrâld. Spannend. 

Tanksij dit iene keunstwurk is ynienen de gewoanens omtovere yn in brûzjende ienentweinitchste-iuwske avant-gardestêd. Fan de Achmeatoer is allinne de namme noch mar ûnferbetterlik gewoan. En dy kiosk is yn ien klap in prikkeljend staaltsje arsjitektuer-orizjinaliteit. 

Fierderop, oan it Wilhelminaplein, is it Fries Museum fan Hubert-Jan Henket samar yniens net mear dy groteske kolos op in te lytse kavel, mar in kultuertimpel fan alluere. 

En ha jo wol ris goed nei dy sciencefictionkoepel fan de Friesland Bank sjoen?

Love makket fan Ljouwert in wiere Kulturele Haadstêd, wêr’t it brûst fan de dryste keunst. Dat belooft noch wat foar dy tsien oare fonteinen dy’t yn Fryslân ferrize.  

Benammen de enoarme heraldyske liuwen yn Warkym en de krampeftich nei azem happende megafisk yn Starum hawwe itselde fotoshopkarakter, dat as iepenbier keunstwurk de hiele stêd nei in heger nivo tilt.
Ferheffing. 

Der binne Ljouwerters dy’t harren komôf ferkundigje troch in plaatsje fan in skeefsakke, ûnôfboude toer efter op de auto plakke. Ik wachtsje oant in briljante marketeer bumperstikkers fan Love op de merk bringt. Ik soe der fuortendaliks ien efter op myn Opel Zafira plakke. Benijd oft dy dan ek yn ien klap fan syn gewoanens genêzen is…

Boarne: Friesch Dagblad

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens