Ga naar inhoud
MAP
fy

Manga-many foar de echte leafhawwer

Moai nijs! Yn it ramt fan de megalomane manga-foarstelling Pluto komt manga-kenner Helen McCarthy nei Ljouwert foar in ynlieding en in iepen kolleezje. Se is in ekspert op it mêd fan de Japanske mangakeunst en de Japanske animaasje-, strip- en popkultuer. Dêrneist fertoant Slieker Film de anime-film Your Name; de aldergrutste publyksfavoryt wrâldwiid út de Japanske sinema. 

McCarthy skreau ûnder mear it boek The Art of Osamu Tezuka: God of Manga. Yn de iepen kolleezjes en de ynlieding jout se ynsicht yn it wurk fan Tezuka en de wize wêrop’t syn wurk noch altyd fan ynfloed is op oare keunstners, wêrûnder dus koreograaf Sidi Larbi Cherkaoui. Hy basearre Pluto op it orizjinele manga-ferhaal fan Tezuka, Astro Boy, the Greatest Robot on Earth. Cherkaoui en McCarthy binne beide fan miening dat Japanske anime en stripferhalen har oanpasse oan de feroarjende maatskippij en de rol dy’t se dêryn spylje. 

McCarthy: “Pluto is in bjusterbaarlike útjefte fol leafde en respekt foar Tazuka en syn wurk. It boadskip dat er mei Atom besiket oer te bringen, komt ek werom yn Pluto: it is net wichtich oft dyn yntelliginsje keunstmjittich of echt is, wêr’st berne bist of hoe ryk ast bist, it draait der allinne om hoefolle ast leafhawst, hoefolle ast fan it libben hâldtst.

Cherkaoui: “Yn Pluto wurde we meinaam nei it ferline, it hjoed en de takomst. We sjogge deselde problemen weromkommen en moatte elke kear opnij in oplossing fine foar problemen mei akseptaasje, leafde en it begripen fan minsken dy’t oars binne as ús. Seker yn dizze tiid binne dizze ûnderwerpen wer tige aktueel.”

Alfêst yn de stimming komme? Sneon 10 febrewaris draait yn Slieker Film de aldergrutste publyksfavoryt wrâldwiid út de Japanske sinema: de anime Your Name. In meislepend, magysk en hertferoverjend ferhaal oer dat der earne op ‘e wrâld ien is mei wa’sto ûnskiedber ferbûn bist. Lês der hjir mear oer en besjoch de trailer hjirûnder:

Râneprogramma:

sneon 10 febrewaris 2018
Wat: anime film Your Name
Tiid: 21:15 oere
Tagong: 9,50 euro
 

freed 16 febrewaris 2018
Wat: gastkolleezje Helen McCarthy 
Tiid: 13:00 - 14:30 oere
Lokaasje: Academie voor Popcultuur (Achter de Hoven 23, Ljouwert).
Tagong: Fergees tagonklik foar studinten fan kreative opliedingen. Fol is fol! 


Wat: ynlieding
Tiid: 19:00-19:45 oere
Lokaasje: Van der Eems Seal, Stedsskouboarch De Harmonie
Tagong: Fergees tagonklik, graach reservearje fia De Harmonie
 

sneon 17 febrewaris 2018
Wat: ynlieding
Tiid: 19:00-19:45 oere
Lokaasje: Van der Eems Seal, Stedsskouboarch De Harmonie
Tagong: Fergees tagonklik, graach reservearje fia De Harmonie


Let op: de kolleezjes en ynlieding binne yn it Ingelsk.
De foarstelling is yn it Japansk, mei Ingelske en Nederlânske boppetitels.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens