Ga naar inhoud
MAP
fy

'Mei-inoar tille we projekten nei in heger plan'

MHB Event Facilities BV
Marten Hylkema
Direkteur


Op de Aldehou wurde elke tongersdei oant ‘e mei snein gigantyske projeksjes fertoand. Se binne ûnderdiel fan Lân fan taal. Ferdield oer it jier meie fjouwer ferskillende keunstnertrio’s it symboal fan Ljouwert brûke as dekôr foar harren wurk. Tanksij MHB Event Facilities binne dizze projeksjes technysk mooglik. De leveransier fan Ljouwert-Fryslân 2018 hat spesjaal foar dit jier, yn gearwurking mei Panasonic, fjouwer nagelnije projektoaren oanskaft. 

MHB is fanôf 2013 belutsen by Kulturele Haadstêd. It bedriuw út Boalsert waard earst Club2018-lid, en is sûnt 21 maart offisjeel leveransier fan LF2018. It bedriuw wie lykwols al metien leveransier foar ferskate eveneminten. “Sa hawwe we foar de teaterfoarstelling Marijke Muoi fan Under de Toer in fideo-ûntwerp makke op alle wanden fan de Jacobinertsjerke dy’t in oaniensletten projeksje foarme.”

Fideomapping
Yn de kontener steane fjouwer grutte projektoaren boppen elkoar dy’t mei-inoar ien oaniensletten projeksje op de toer meitsje. Dit kin tanksij in saneamde mediaserver dy’t alles oanstjoert. “De kontener hawwe we sels ûntwikkele en útrisse mei ûnder oare projeksjeglês, klimaatkontrôle, kamerabewekking en in alarmsysteem. Dizze kontener is it hert fan de show”, seit Marten Hylkema. “Fanôf ús kantoar kinne we alles yn ‘e gaten hâlde.” 

De folsleine show is op maat makke foar Lân fan taal. Alle apparatuer boppe-op de geboukes op it plein en de Aldehou binne beskerme tsjin wyn, rein, kjeld, waarmte en fandalisme. Alles is op ôfstân bestjoerber. Sels de strjitferljochting. Troch de wei fan in saneamde foarprogrammearre tiidkoade rinne fideo, lûd en ljocht elke foarstelling syngroan. As de show ienkear ynladen is, giet alles elke jûn fansels.

Gearwurking
MHB wurket yntinsyf gear mei de keunstners en Remko Smids fan Lân fan taal. “We litte se sjen wat mooglik is mei ús techniken en sy meitsje binnen dy ramten in keunstwurk. It is moai dat de keunstners ek respekt foar elkoar hawwe. Sa hawwe Tsead Bruinja, Herman van Veen en Jules van Hulst, dy’t de earste projeksje makken, bewust net alle mooglike techniken berûkt. Sa kinne de folgjende keunstners wer eat fosllein unyks meitsje mei nije techniken. Mei-inoar meitsje we fan elk projekt in unike belibbing.”

De Tocht van Morgen
Njonken alle projekten wêr’t MHB dit jier oan meiwurket, is it bedriuw al dwaande mei de kommende jierren. “Ik realisearje my dat it oantal opdrachten yn 2019 regionaal wat ôfnimme sil, mar it soe moai wêze as in part fan de projekten dy’t dit jier begûn binne, trochsette kinne. De kwaliteit fan produksjes yn it noarden is de ôfrûne jierren al enoarm omheechgien. In hiel leuk projekt wêr’t we al mei dwaande binne, is de Tocht van Morgen. Nei it sukses yn de Elfstedenhal fan 2016 hat de organisearjende stichting besletten it konsept nei in heger plan te lûken. We binne dwaande mei in heechsteand belibbinskonsept dat him mjit mei de suksesfolle produksje Soldaat van Oranje.”

 

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman & Lucas Kemper

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens