Ga naar inhoud
MAP
fy

MHB Event Facilities eksklusyf partner LF2018

It Boalserter bedriuw MHB Event Facilities hat him no ek offisjeel ferbûn oan Ljouwert-Fryslân 2018. Woansdei 21 maart is de oerienkomst ûndertekene. MHB makket audiofisuele produksjes yn binnen- en bûtenlân. Oant no ta wurke it bedriuw mei oan ferskate LF2018-projekten, lykas It Iepeningswykein en Taalekspo Obe. 

MHB Event Facilities karakterisearret him troch in ynnovative wize fan wurkjen. “We hâlde de rap feroarjende wrâld fan audio- en fisuele techniken sekuer yn ‘e gaten”, seit MHB-direkteur en oprjochter Marten Hylkema. “Dat betsjut dat we de projekten fan LF2018 meastal op net earder fertoande wize yn byld en lûd sette.”

Fideoprojeksje
Sa levere MHB yn It Iepeningswykein de grutte fideoskermen op de trije pleinen yn Ljouwert. Ek produsearret it Fryske bedriuw de projeksjes op de Aldehou, fan freed oant ‘e mei mids april noch te sjen, as ûnderdiel fan Lân fan Taal.

De gearwurking wurdt dus fuortset, ûnder mear mei de audiofisuele produksje fan De Reuzen as grutste put yn it foarútsjoch. It Frânske strjitteaterselskip is fan 17 oant ‘e mei 19 augustus yn de Fryske haadstêd. 

LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum priizget in oantal kenmerken fan MHB: “Troch it romme, moderne assortimint kin MHb altyd leverje. It bedriuw hat ek noch nea fersomme. LF2018 is in organisaasje dy’t faak ûnder druk prestearje moat. MHB skrikt dêr net fan. It is folslein logysk dat Hylkema en syn kollega’s oant djip yn Europa namme opboud hawwe.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens