Ga naar inhoud
MAP
fy

Muzyk heilsum foar minsken mei demintens én soarchferlieners

Yn de oanrinjierren bestege Ljouwert ekstra omtinken oan kultuerpartisipaasje foar senioaren. Dêrta ferbûn hja har twa jier lang oan it programma fan Age Friendly Cultural Cities. Wat hat de stêd foar âlderen berikke kint? 

“Yn it earste jier fan Age Friendly Cultural Cities bliek dat der fanút de mienskip al in soad barde op it mêd fan kultuerpartisipaasje foar âlderen”, fertelt Sietze Bandringa, senior beliedsadviseur kultuer fan de gemeente Ljouwert. “It gie benammen om it sichtberder meitsjen fan aktiviteiten.” 

De blikfanger fan it AFCC-programma is sûnder mis it projekt City Proms Embrace. Under dy namme organisearret de maatskiplike tak fan it klassike muzykfestival City Proms aktive workshops foar minsken yn ferskate stadiums fan demintens. Dêrta wurket de stichting gear mei alumny fan it Prins Claus Conservatorium. 

Utfierend direkteur Margot Hoiting sketst hoe’t sa’n workshop der yn ‘e praktyk útsjocht: “Oan it begjin fan elke wyklikse sesje sitte der sawat tsien bewenners en maksimaal trije meiwurkers tegearre mei trije musisy yn in kring. De musisy spylje earst in koarte komposysje, dy’t se spesjaal foar dizze groep makke hawwe, folge troch in begroetingsliet. Dêrnei ûntwikkelje har, ymprovisearjendewei, koartere en langere muzykstikken.” 

Meisjonge
Bewenners wurde stimulearre om mei te dwaan. Somtiden meitsje se mei de help fan de musisy in eigen muzykstik. Dat se nei in pear wiken it iepeningsliet al werkenne en begjinne mei te sjongen is neffens Hoiting hiel bysûnder. 

De resultaten sprekke foar harsels: better ite, better drinke, minder agressyf gedrach, nije herinneringen en in better wolbefinen. Oars net allinne foar de bewenners. Muzyk makket ek it wurk fan meiwurkers makliker. Minsken komme der makliker ôf as se sjongend fan bêd helle wurde. De missy fan de stichting is dan ek: nim muzyk mei yn de soarch! 

Erkenning
Hoiting wol dat de heilsume wurking fan muzyk erkenning krijt. Praktysker sjoen: se hopet dat it projekt City Proms Embrace ferankere wurdt yn de soarch- en wolwêzensektor. Der binne kontakten mei soarchfersekerders, mar De Friesland soarchfersekerder bygelyks hat no just ynset op previnsje. Fan de gemeente is op it stuit ek net folle (finansjele) stipe te ferwachtsjen. “Der binne gjin budzjetten, ek net fanút it sosjale domein”, wit Hoiting. “Ik kin it se ek amper kwealik nimme, sjoen de tekoarten.” Sietze Bandringa befêstiget dat byld. “Ljouwert stevenet ôf op in grut struktureel tekoart. Der sille foarse yngrepen plakfine.” City Proms Embrace lit him dêrtroch net wjerhâlde: “Begelieders en mantelsoargers wurde belutsen en traind sadat it daaglikse gebrûk fan muzyk yn de soarch trochgiet”, sa seit Hoiting. 

Taspraak
Hoopjaand is de taspraak dy’t earder steatssekretaris Van Rijn (VWS) yn juny op it sympoasium Muziek & het Brein joech. Dêr spruts er: “It meast krúsjaal is dat we ferpleechsoarch net langer benaderje mei allinne in soarchbril op. Wolbefinen en kwaliteit fan libjen needsaakje ta in oare blik. Dat kin bygelyks mei muzyk. Muzyk is no ienkear in geweldich goeie wize om dy better te fielen.” Mei it sitaat fan Van Rijn yn de hân, sil City Proms harren saak by it ministearje oansnije.

Hoiting: “Ek binne we yn petear mei alderlei ynstellingen, we prate mei Movisie, it lânlik kennisynstitút en advysburo foar it sosjaal domein. Yn en om Ljouwert hinne sille we it projekt útwreidzje nei minsken dy’t noch thús wenje mei de diagnoaze demintens. Der is in grutte behoefte oan bestriding van iensumens en it ûnderstypjen fan kwetsbere minsken. Ljouwert soe eins mear it ynnovative karakter fan dizze projekten promoate moatte. It is hiel bysûnder dat it hjir allegearre ûntstiet.” 

Boarne: Cultuurparticipatie.nl / foto: Marchje Andringa

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens