Ga naar inhoud
MAP
fy

Praat mei oer de takomst

Doarsto Mark Rutte oan te sprekken oer de takomst? Stiesto graach foar de kamera of sitst fol mei ideeën en beweechst dy leaver efter de skermen om taboes te trochbrekken? Dit is dyn kâns. Iepen UP, ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018, siket minsken mei lef dy’t ûnder begelieding fan professionals mei de fêstige oarder yn diskusje geane. De iennige easken binne datst tusken de 18 en 28 jier bist en in útsprutsen miening hast. 

“Dizze groep is yn de media ûnderfertsjintwurdige en sit ek net op bestjoersfunksjes”, seit Matthea de Jong, projektlieder fan Iepen UP. “Mar de jongeren binne de takomst.” 

Faak tinke we by vloggers oan minsken dy’t harsels graach yn byld bringe en oer harren sels prate. Iepen UP siket dat net. “Wy sykje minsken dy’t in diskusje oangeane”, seit Janko Krist, kameraman. “Minsken dy’t nijsgjirrich binne nei de wrâld om har hinne en dêroer yn petear geane. Dy’t fragen stelle en dingen sjen litte dy’t we noch net kenne. Wy soargje foar it technyske wurk en workshops. De vlogger tinkt nei oer ûnderwerpen en fiert se út. Mei in kamera derby kinst folle makliker in petear krije mei bygelyks de boargemaster of in bekende artyst.”

Elkenien kin meidwaan
Do hoechst gjin betûfte vlogger te wêzen, want tidens de workshops wurde vloggers klearstoomd foar de strjitte. Ien fan de professionals dy’t meihelpt is Ismail Ilgun. Oait bekend as treitervlogger, wilens in foarbyld foar vloggend Nederlân. Hy krige okkerdeis de Hashtag Award foar syn searje wêryn’t er probleemwiken yn byld bringt. “Ismail is in perfekt foarbyld fan ien dy’t in byld sjen lit dat je yn de gongbere media net tsjinkomme”, seit Matthea. “Hy hat in hiel útsprutsen miening, ek al is net elkenien it dêrmei iens. Wy sykje de Ismails fan Fryslân. It leafst út alle hoeken fan ‘e provinsje en mei ferskillende eftergrûnen. Fan boer út Akkrum oant stedsgek út Ljouwert.”

Kinst dy oant 1 febrewaris oanmelde. Tusken maaie en novimber 2018 sille de keazen vloggers yn perioades fan tsien wiken oan de slach om de takomst te tantsjen. Net alhiel ûnbelangryk: do krijst in fergoeding. Dit is it perfekte simmerbaantsje. De vlogs wurde op de sosjale media fan Omrop Fryslân útstjoerd en foar de wyklikse talkshows fan Iepen Up Live brûkt. “We wolle it lûd fan in nije generaasje hearre”, seit Matthea. “Yn novimber, tidens de ReOpening, wurde de vlogs presintearre oan ynfloedrike Europeanen. Ik bin tige benijd wat foar diskusjes we krije.”

Meld dy oan
Gean nei iepenup.nl, meld dy oan en stjoer in filmke yn. 


Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens