Ga naar inhoud
MAP
fy

Presintaasje gedichtebondel Poetic Potatoes

Op tongersdei 5 april wurdt tidens de Biltske wike yn it talepaviljoen MeM fan Lân fan taal de gedichtebondel Poetic Potatoes, Poetry in Potato Bags presintearre. Fan 1 oant ‘e mei 8 april stiet dêr de Biltske taal en kultuer sintraal. Om 20.00 oere sil de organisaasje fan Potatoes go Wild it earste eksimplaar  útrikke. It bliuwt in ferrassing oan wa’t dat wêze sil. 

De fjouwertalige bondel (Malteesk, Ingelsk, Nederlânsk en Frysk) mei útsein de gedichten ek artikelen en resepten, is it slútstik fan it 5 jier duorjende projekt Poetic Potatoes; it hinne en wer stjoeren fan poatierappels nei Malta en ytierappels werom nei Fryslân, foarsjoen fan literêre gedichten yn fjouwer talen.  

Nei ôfrin fan de presintaasje is de bondel foar 5 euro te keap by de Afûk yn Ljouwert, Primera yn Sint Anne, fia de webside fan de stichting www.baw.frl en yn ferskate boekhannels yn de provinsje Fryslân. 

Sawol de bondel as it projekt Poetic Potatoes hearre by it projekt Potatoes go Wild, organisearre troch Stichting De Bildtse Aardappelweken en ûnderdiel fan it haadprogramma fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. It programma mei aktiviteiten fan Potatoes go Wild duorret oant 6 jannewaris 2019. 

It projekt wurdt finansjeel mei ûnderstipe troch Provinsje Fryslân. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens