Ga naar inhoud
MAP
fy

Priuwe oan Friezen yn iepeningswykein LF2018

Stamppotbuffet en priuwerij Leen een Fries yn biblioteek Ljouwert

Foarôfgeand oan de offisjele iepening fan Kulturele Haadstêd 2018 organisearje de Fryske biblioteken it Leen een Fries-stamppotbuffet yn de nagelnije biblioteek yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Oant de iepeningsseremoanje fan LF2018 begjint, kin der folop preaun wurde oan Friezen dy’t meidogge oan it mienskipsprojekt fan de biblioteek. 

Fan 18.00 oant 19.00 oere wurdt der stamppot optsjinne. Oan elkenien mei ynteresse foar Leen een Fries dy’t him op tiid meldt, en oan in grut oantal ‘Friezen’ dy’t har al útliene fia it projekt. Oan tafel sit in grut ferskaat oan minsken: fan skoaljuf oant snackbareigner en fan keatser oant popmuzikant. Elk mei in eigen, moai ferhaal. De lien-Friezen fan it earste begjin fertelle wêrom’t meidwaan sa’n aardichheid is, diele harren kennis oer in bepaald ûnderwerp of prate wiidweidich oer harren hobby’s of bygelyks leafde foar Fryslân. Foar it stamppotbuffet is in beheind tal plakken. Mei-ite is fergees, do betellest mei dyn ferhaal. 

Oanmelde kin fia https://leeneenfries.nl/nl/Stamppotbuffet/

it buffet einiget om 19.00 oere. Dêrnei is der in ‘priuwerij fan Friezen’: dielnimmers oan Leen een Fries fertelle yn in brûzjende setting mei muzyk en mear oer harren passys en aktiviteiten, jouwe demonstraasjes en lizze graach út hoe’st meidochst. Om 21.00 oere hinne stekke de oanwêzigen meiinoar ôf rjochting de offisjele iepeningsseremoanje fan Ljouwert-Fryslân 2018 yn de binnenstêd. 

Leen een Fries
Leen een Fries is in inisjatyf fan de Fryske biblioteken yn it ramt fan LF2018 en bliuwt yn de jierren hjirnei bestean. Mei it projekt wolle de biblioteken it moetsjen en it útwikseljen fan kennis en ferhalen tusken minsken mooglik meitsje. Elkenien kin meidwaan, dat dochst troch in profyl oan te meitsjen op www.leeneenfries.nl. Friezen en net-Friezen kinne elkoar liene, dêrneist wurde toeristen it kommende jier útnûge om tegearre mei in ‘lien-Fries’ op ‘en paad te gean. 

Foto: Erikjan Koopmans. 

Leen een Fries giet om bysûndere ferhalen yn lytsskalige moetings. By de priuwerij fan 27 jannewaris kin elkenien it projekt sels belibje

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens