Projekt Brug, Brêge, Bridge dit wykein mei megaselfie iepene

16 april 2018 

Mei in megaselfie by de brêge yn Warten waard sneon 14 april de grutste keunsteksposysje fan Nederlân iepene. De tentoanstelling Brug, Brêge, Bridge strekt him út oer de folsleine provinsje, sa’n 3.250 km². De ôfrûne wiken waarden tachtich Fryske brêgen foarsjoen fan doeken mei keunst makke troch de mienskip. 

De keunstners fan dizze doeken wienen sneon ek oanwêzich by de iepening. Projektlieder Froukje Hernamdt fan de Fryske Miljeu Federaasje hat tegearre mei dykgraaf ir. Paul van Erkelens fan Wetterskip Fryslân en alle oare oanwêzigen de keunsteksposysje iepene. 

De oanwêzigen foarmen in ‘minsklike brêge’ en makken nei it iepenjen fan de brêge in megaselfie mei it keunstwurk dat symboal stiet foar de hiele eksposysje. Op it doek ûnder de brêge yn Warten hinget nammentlik in spesjaal keunstwurk dat bestiet út alle 247 ynstjoeringen dy’t meidienen oan de wedstriid dy’t de Fryske Miljeu federaasje foar dit projekt yn de simmer fan 2017 útskreau. De mienskip waard doe frege om in foto, keunstwurk of tekst yn te stjoeren om fan de brêgen in poadium foar keunst te meitsjen. In faksjuery selektearre út 247 ynstjoeringen tweintich winners. Dizze winnende ôfbyldingen binne tegearre mei bylden fan in oantal partners, wêrûnder Fryske gemeenten, LF2018 en Wetterskip Fryslân, op de doeken ûnder de Fryske brêgen te sjen.

BridgeBag
Froukje Hernamdt presintearre sneon ek it earste eksimplaar fan de BridgeBag. It projekt Brug, Brêge, Bridge krijt nei septimber 2018 in twadde libben, as út in oantal doeken fan de brêgen spesjale tassen makke wurde, de saneamde BridgeBags. Foar it meitsjen fan dizze tassen wurket it projekt gear mei it jonge, Fryske bedriuw Bokers, dat de tassen tegearre mei in begjinnend naaiatelier makket. 


Mear ynformaasje oer de keunstwurken en de BridgeBags stiet op de webside fan it it projekt: www.brugbregebridge.nl. De webside is fan dit wykein ôf te brûken as kaart foar de ferskate brêgen yn Fryslân en as eftergrûnynformaasje foar alle keunstwurken. It projekt wurdt ûnder oare stipe troch de Fryske Miljeu Federaasje, Wetterskip Fryslân, de Fryske gemeenten, LF2018 en de provinsje Fryslân. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators