Ga naar inhoud
MAP
fy

Rhana en Nova winne vlogwedstriid Circus Adje

Rhana van Rookhuizen (9) en Nova Weijkamp (11) binne de winners fan ‘Adje zoekt Vlogger’. Under lieding fan in vlogcoach die Nova sneontemiddei 24 febrewaris in live screentest by Kwantum op Winkelpark de Centrale. Se kaam hjirby as bêste út de bus. Rhana wûn mei har ynstjoerde vlogfilmke. 

As winners meie Rhana en Nova vlogfilmkes meitsje oer en ûnder de ferskate Circus Adje-eveneminten. Circus Adje is ien fan de haadprojekten fan Kulturele Haadstêd. Op woansdei 11 april is der in spesjaal Adje-evenemint yn it Cambuurstadion, mei as tema ‘Kijk eens wat ik kan in beweging!’. Op freed 25 maaie is it grutte Adje Festival by Winkelpark De Centrale en op sneon 26 maaie is Adje te sjen op it Frysk Strjitfestival. Njonken de titel ‘huisvlogger van Adje’ winne Rhana en Nova in workshop montearjen. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens