Ga naar inhoud
MAP
fy

‘Santiago aan het Wad’ klear foar Nederlânske Camino

Woansdei 24 jannewaris binne yn it ramt fan 2018, Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa, de Fryske doarpen Sint-Jabik en Swarte Hoanne tydlik omdoopt ta ‘Santiago aan het Wad’. De nije doarpsoantsjutting is ûntbleate troch Jan Dijkstra, wethâlder fan kultuer fan de gemeente Waadhoeke, en Hans de Jong, foarsitter fan Stichting Santiago aan het Wad. 

Beide doarpen oan de waadkust binne de Fryske tsjinhinger fan it bekende Spaanske pylgersoard Santiago de Compostela en Kaap Finisterre oan de Atlantyske kust yn Noard-Spanje (‘Sant Yago’ =  Spaansk foar Sint Jacob). Yn 2018 binne se it doel fan de Camino der Lage Landen: in lanlike pylgersestafette fan 3 febrewaris oankommend ôf foar kuierders en fytsers fanôf de Nederlânsk-Belgyske grins nei noard Fryslân. Eindoel fan de Nederlânske Camino is in massaal feestlik ûnthaal fan pylgers op 25 july yn ‘Santiago aan het Wad’ - Sint-Jabik. 

De Camino der Lage Landen is in frijwilligersinisjatyf fan it Nederlands Genootschap van Sint Jacob en Stichting Santiago aan het Wad. In mienskipsbarren mei ynternasjonale útstrieling – pylgers út België en Dútslân dogge mei – dat ynspirearre is troch LF2018 en de Fryske pylgersrûte Jabikspaad as noardlikste oanrinrûte foar de pylgersrûte nei Santiago de Compostela.    

Foto: Jan Bonefaas

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens