Ga naar inhoud
MAP
fy

Sijperda Verhuur leveransier fan Ljouwert-Fryslân 2018

Sijperda Verhuur b.v. hat him as sponsor ferbûn oan Ljouwert-Fryslân 2018. Fannemiddei is de oerienkomst op it kantoar fan LF2018 ûndertekene. “Sijperda Verhuur spilet aanst benammen in wichtige rol as earste leveransier fan professionele materialen foar de projekten”, seit Tjeerd van Bekkum. “En dêr binne we fansels hartstikke bliid mei!”

De direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018 giet fierder: “Mei de gearwurking mei Sijperda Verhuur kinne we bouwe op in professionele levering fan materialen foar de projekten fan Ljouwert-Fryslân 2018. De duorsume ynnovaasjes fan de nije partner passe poerbêst by de ambysje fan LF2018. 

Jos Jellesma, kommissaris fan Sijperda Verhuur, seit: “It programma fan Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 is tige ûnderskaat en útdaagjend en fertsjinnet de bêste materialen foar de projekten. We binne dêrom bliid dat we as partner ús duorsume, professionele materialen leverje kinne.”

Sijperda Verhuur ferhiert in sa wiidweidich mooglik assortimint (bou)materieel foar de professionele gebrûker. Sûnt 2016 hawwe se in duorsum label, wêrby’t de klant no ek duorsum materieel hiere kin. Sawol it personiel as de materialen drage by oan it duorsum ûndernimmen. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens