Ga naar inhoud
MAP
fy

Sin oan de takomst mei ‘Places of Hope’

De kommende desennia stiet der foar Nederlân in soad op it spul op it mêd fan romte, ekonomy en leefomjouwing. Der moatte ien miljoen nije wenningen boud wurde, mar wêr? En hoe? De skaalfergrutting en yntinsivearring fan de lânbou hat syn grinzen berikt. En wat te tinken fan it klimaat? Yn neifolging fan it klimaatakkoard fan Parys (2015) wolle wy Nederlanners yn 2030 mar leafst de helte minder broeikasgas útstjitte. Gean der mar oan stean. Guon sakket de moed by sokke opjeften yn de skuon. De tentoanstelling ‘Places of Hope’ kiest in folslein oare ynfalshoeke. “De oplossingen foar Nederlân lizze net yn de statistyk, mar yn de ferbylding”, sa seit kurator Maarten Hajer. “Wa’t de tentoanstelling besiket giet oars tinken; giet oars fiélen.” ‘Places of Hope’ wurdt op 4 april feestlik iepene en is oant ‘e mei 25 novimber te sjen yn De Kanselarij yn Ljouwert, as ûnderdiel fan it programma fan Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018.

‘Places of Hope’ is in skiednisles, selfhelpkursus, workshopromte en manifestaasje yn ien. Learst der oer de nei-oarlochske weropbou fan Nederlân en de opkomst en betsjutting fan protestbewegingen. Sjochst hoe’t Nederlân transformearret fan in lân fol grutskalige yndustryen en ynfrastruktuer oant netwurk fan mienskippen dy’t sels harren eigen enerzjy opwekke en de omjouwing oanpakke. En komst yn ‘e kunde mei de persoanen achter de plakken wêr’t it nije Nederlân no al sichtber is, fan de doarpsmûne yn it Fryske doarp Reduzum oant de ‘sirkulêre’ wurkplakken om Schiphol hinne. Kinst eksperimintearje mei nije ridskippen en ûnderfine hoe’t en wêr’t we yn de takomst wenje en wurkje sille. 

Kuratoren fan ‘Places of Hope’ binne wittenskipper Maarten Hajer en kurator en ûndersiker Michiel van Iersel. “As wittenskipper wit ik dat nije takomstbylden hiel wichtich binne foar in trochbraak yn beslútfoarming. Dêrom woe ik in groep om my hinne dy’t de takomst posityf fisualisearje koe”, sa seit Hajer. Doe’t it Ministery (doe noch Ynfrastruktuer en Miljeu) him útnûge in tentoanstelling te meitsjen, koe Hajer, heechlearaar Urban Futures oan de Universiteit fan Utrecht, de died by it wurd foegje. Tegearre mei Michiel van Iersel (Non-fiction) gie er oan de slach. “Sa is der in tentoanstelling ûntstien dy’tst erfare kinst as in spannende ûntdekkingstocht, dy’t sa no en dan ek ûngemaklike konlúzjes opropt”, seit Van Iersel. Hy realisearret him dat de takomst fol komplekse dilemma’s sit en dêroer mei diskutearre wurde. Yn Places of Hope wurdt der sels in debat-arena foar boud. “We meitsje in statement oer de kânsen fan in nije ‘ekologyske beskaving’, seit Hajer.

Lânmakkers
Places of Hope stiet foar in nije kulturele oanpak by de ynrjochting fan it lân. De klam hjirby leit op de regio. Hjir kin in radikale feroaring yn tinken en dwaan ta stân komme. En neffens Hajer en Van Iersel is dy revolúsje al begûn, djip yn de hierieren fan Nederlân, by de saneamde ‘lânmakkers’. De kuratoren sette dizze tritich persoanen op in fuotstik.  

It binne pioniers, fan arsjitekt oant boargemaster en fan planolooch oant keunstner, dy’t har ferbûn hawwe oan in tûkere en skjinnere takomst foar Nederlân en dêr elk fanút harren eigen spesjalisme oan wurkje. Tegearre mei hûnderten oaren is dizze groep oansletten by it troch de oerheid oanstjoerde proses ‘Wij maken Nederland’. Dat proses rint nei 2018 noch inkelde jierren troch. Yn de tentoanstelling litte dizze pioniers sjen hoe’t stêden ynrjochte wurde kin, hoe’t hûzen der oer tsien jier útsjogge, hoe’t de lânbou mear bydrage kin oan bioferskaat, mar ek wat der leard wurde kin fan in gebiet as It Waad, wêr’t in opmerklik protte inisjativen op it mêd fan duorsumens slagje. “We moatte écht oare minsken oan it wurd litte. Just troch te lústerjen nei kreative en eigensinnige geasten krije we sicht op oantreklike alternativen foar hoe’t we no libje”, seit Hajer. 

 ‘Set de kaart fan Nederlân mar op ‘e kop’
Neffens Van Iersel is it gjin tafal dat in soad ynnovaasjes him yn de regio ôfspylje. “Set de kaart fan Nederlân mar op ‘e kop. En stap ôf fan it idee dat revolúsjes allinne yn de grutte stêd ûntsteane. De needsaaklike omslach yn it tinken is al begûn yn de regio”, sa seit de kurator. “Dat begjint by minsken dy’t elkoar elke dei yn de strjitte, yn it doarp of op it eilân tsjinkomme en dy’t séls problemen oplosse wolle. Tink oan breklik ynternet of leechrin yn doarpen, of it ferdwinen fan de skries. Mar ek oan it besef dat we mear mei minder dwaan sille moatte. Untspulle, tichter by de natuer libje. Yn de regio fûnen we in hiele protte nijsgjirrige projekten dy’t dat goed oanfiele. En dy’t sjen litte watst realisearje kinst ast op in oare wize gearwurkjen giest. Ek yn Noard-Nederlân, en yn it bysûnder Fryslân, is in soad geande. Dêr kin de rest fan Nederlân en it bûtenlân noch wat fan leare.”

Hajer fynt dat syn opdrachtjouwers, it Ministery (no: it Ministerie Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties (BZK)) en de gemeente Ljouwert in plom fertsjinje foar de stipe dy’t se it inisjatyf joegen. “De oerheid realisearret him hiel goed dat beliedsnotysjes en klimaatakkoarden wol needsaaklik binne, mar dat de taal fan de saneamde technokratyske ‘systeemwrâld’ kwealik oansprekt. Dêr krijst minsken net mei yn beweging. Places of Hope is in kulturele manifestaasje en it begjin fan nije, ynspirearjende ferhalen. In acht moannen duorjende syktocht nei antwurden op de fraach hoe’t we Nederlân foarmjaan kinne sadat it fielt as in thús foar elkenien.”

Places of Hope (‘Zin in de toekomst!’)

4 april oant ‘e mei 25 novimber 2018
De Kanselarij
Turfmerk11 
8911 KS Ljouwert (Kulturele Haadstêd fan Europa, 2018)
www.placesofhope.nl
Iepen: tongersdei oant ‘e mei snein fan 12.00 oant 18.00 oere.
Tagong: fergees

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens