Ga naar inhoud
MAP
fy

Skientme yn Frijheidswyk

Antilliaansk, Marokkaansk, Frysk, Arabysk... Yn de Vrijheidswijk yn Ljouwert libje tsientallen kultueren side oan side. Faak sykje minsken binnen deselde kultuer elkoar op en is der net folle ynteraksje tusken de ferskillende kultueren. Dit foel regisseur Joyce Beukema en bewenner Fabiola Kook op. Sy organisearje tegearre mei Lucette van den Berg it project ‘Moeders en Dochters’, ûderdiel fan Yiddish Waves en De Reis fan Ljouwert-Fryslân 2018. Se litte memmen en dochters fan ferskillende kultueren mei elkoar yn petear gean. De ferbinende faktor: iten.

“Fan april 2017 ôf bin ik yn petear mei de minsken fan de Vrijheidswijk”, seit Joyce. “Ik ûntduts eat wat ik yn Huzum net hie: in grutte gastfrijens. Yn it wyksintrum wurdt fan alles organisearre en oeral wêr’t ik oanbelje, wurd ik waarm ûnthelle mei in board iten, wylst ik myn ferhaal noch dwaan moat. Ik lit my dan ek graach troch de wyk liede troch myn noas. Der wurdt hjir fan alles organisearre. As ik hjir opgroeid wie hie ik grif yn in multykultureel koar sitten.”

Kultuergenoaten sykje elkoar op
Fabiola is opgroeid yn de Vrijheidswijk en soe wolle dat der noch mear bart. “We spylje faak bon ku ne, in Antilliaanske foarm fan bingo.” Fan jongs ôf kaam de Antilliaanske mei oare kultueren yn oanrekking. “Op myn twadde ferhúze ús húshâlding nei Nederlân. Ik kaam op in iepenbiere basisskoalle mei alderlei kultueren terjochte. Mei it krystbrochje naam elkenien wat mei en sa preaunen we fan alles út oare kultueren. Thús begrepen myn âlden net altyd hoe leuk it is om mei oare kultueren yn oanrekking te kommen. Ik tink dat it eat fan de âldere generaasjes is om by je eigen kultuer te bliuwen. Der wurdt hjir hieltyd mear organisearre sûnt we Kulturele Haadstêd binne, mar je sjogge noch faak dat kultuergenoaten elkoar opsykje. Mei Moeders en Dochters wolle we besykje dat te feroarjen.”

Tidens har moetingen giet Joyce yn petear mei bewenners. Se siket de ferhalen fan ferskilllende kultueren en wol dizze mei elkoar ferbine. De froulju wurde útnûge foar itensiedworkshops. Dizze fine ien kear yn de twa wiken op tongersdeitemoarn plak. Elkenien kin sûnder fierdere ferplichtingen meidwaan. “Yn in soad kultueren spilet iten in wichtige rol”, leit Joyce út. “Miskien is de Nederlânske kultuer wol de saaiste as it oer iten giet. Yn in soad kultueren hast treastiten, swangerskipscakejes of houliksgerjochten. Elk gerjocht hat in ferhaal.” Der wurdt in itensiedersboek makke fan alle gerjochten, mei byhearrend resept, foto en ferhaal derêfter. Op Befrijingsdei is der in organisearre toer troch de wyk en steane ferskate doarren iepen. 

Ynkoarten begjint de kaartferkeap. “It soe leuk wêze as we meardere rûtes troch de wyk meitsje kinne, sadat de dielnimmers ferskillende wegen ôflizze en oare dingen priuwe. Yn in húskeamer kinst mar in pear minsken kwyt. Achterôf komme de groepen by elkoar en sille se mei elkoar yn petear oer harren toer. It soe in aardichheid wêze as minsken nijsgjirrich wurde nei de oare rûtes en dizze letter op eigen gelegenheid noch ris lânsgeane en sa it kontakt tusken de kultueren fersterke wurdt.”

Kom sjen
Moeders en Dochters is net allinne foar minsken út de Vrijheidswijk. De buert hat in minne reputaasje en wol dat byld graach feroarje. Want neffens Joyce en Fabiola is dat imago folslein ûnterjochte. “Dizze wyk wurdt faak ta bearput bestimpele”, seit Fabiola. “Om’t der in protte kriminaliteit en earmoede wêze soe. Dat is oait sa west, mar de lêste jierren giet it hiel goed. It binne foaral de media dy’t dit minne byld yn stân hâlde. Bewenners sykje elkoar just hieltyd faker op en dogge in soad mei elkoar.” Joyce folt har oan: “Ik tink dat it foar bûtensteanders foar it meastepart eangst foar it ûnbekende is. Minsken komme hjir sels net en sjogge allinne de negative berjochten yn de media. Je kinne se it dan ek net kwea ôf nimme. Ik nûgje dizze minsken út om 5 maaie del te kommen. Der sit hjir safolle skientme.”

Wêr’t de manlju yn dit ferhaal binne? “Dy meie 5 maaie gewoan meirinne”, seit Joyce. “Mar it binne de froulju dy’t yn in protte kultueren op de eftergrûn steane wylst hja in hiele soad dogge. Dêrom bringe we se hjir nei de foargrûn.”

Memmen en dochters socht
Joyce en Fabiola sykje noch memmen en dochters dy’t meidwaan wolle mei de itensiedworkshops, op 5 maaie harren doar iepenje wolle om iten oan te bieden en resepten hawwe foar it itensiedersboek. Sjoch foar mear ynformaasje op moeders-dochters.nl.


Tekst & foto's: Mark Grupstra

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens