Skoft&Skiep spilet Het heilige hert van Cambuur yn Goutum

20 april 2018 

Kin in famyljewapen fuotbal en religy mei elkoar ferbine? De trije jonge makkers fan teaterkollektyf Skoft&Skiep ûndersykje it mooglike ferbân tusken fuotbal en religy en meitsje in byldzjende foarstelling op lokaasje, mei en troch mienskippen fan Goutum en SC Cambuur. De foarstelling Het heilige hert van Cambuur is te sjen fan 13 oant ‘e mei 24 juny yn de Agnestsjerke yn Goutum. Kaarten binne te krijen fiaskoftenskiep.nl.

Douwe hâldt fan Cambuur én fan de tsjerke mar syn âldelju fine dat dy twa dingen folslein net meiinoar op gean. Nei in rûzje rint Douwe fuort fan hûs. Hy bedarret yn in magyske fantasywrâld wêryn’t it reade hert út it Cambuurlogo ta libben komt en him meinimt op in geweldich aventoer. Se belânje midden yn de skiednis fan de famylje fan Cammingha, dûke ûnder yn it Goutumer ferieningslibben en spylje in potsje fuotbal mei de hillige St. Agnes. Al gau dûke der lykwols grutte problemen en fragen op. Want hoe sil Douwe syn âlden útlizze dat syn leafde foar Cambuur de muoite wurdich is? Hoe soarget hy derfoar dat it reade hert it klubikoan fan Cambuur bliuwe wol? En wannear fynt er no einlings ris in antwurd op de fraach: wêrom hinget it Cambuurlogo yn de St. Agnestsjerke? In sprankjelend ferhaal oer woartels, religy en fuotbal ûnder de toer fan Goutum. 

Skoft&Skiep is in jong Noardlik kollektyf, besteande út Karel Hermans, Aukje Schaafsma en Tatiana Pratley. Yn 2017 makken se mei elkoar WORK WORK WORK WORK WORK, in foarstelling oer de ympakt fan wurk op iders libben. Ljouwerters fan alle leeftiden, mei en sûnder wurk, spilen mei. 

Skoft&Skiep bestudearret de wrâld as amateur-antropolooch en makket foarstellingen mei in dokumintêr en byldzjend karakter. It ûndersyksproses en de minsken dy’t se tidens it foarûndersyk moetsje spylje in grutte rol yn de úteinlike foarstelling.

Het heilige hert van Cambuur is ûnderdiel fan Under de Toer, haadprogramma fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators