Ga naar inhoud
MAP
fy

Smaakfolle Fryske grutskens

Annemarie van Eenennaam
Marketing Manager
Concorp

Sûnt koart is de Aldehou ferivige yn in echt Ljouwert-Fryslân 2018-dropke. Oldtimers fan Autodrop makket as ûnderdiel fan har sponsorskip ‘Oldtimers Ljouwerter Tuorren’, dy’t inkeld yn de Poiesz-supermerken yn Fryslân te krijen binne. De oerhollânske lekkernij is net oan te slepen. “We tochten earst oan ien grutte run (tûzenen dropkes, red.) genôch te hawwen”, seit Annemarie van Eenennaam, Marketing Manager by Concorp, it memmebedriuw fan Autodrop. “Mar no, nei trije wiken, binne we al dwaande mei de twadde run.”

It wie foar de snobbersguodfabrikant in logyske stap om sponsor fan Ljouwert-Fryslân 2018 te wurden. “We sitte al hast hûndert jier yn Fryslân en hawwe in soad Fryske meiwurkers dy’t grutsk binne op har provinsje. Alle dropkes fan Oldtimers ferwize nei Fryske woartels, lykas de Hindelooper Ruitjesdrop en Sneker Zoethoudertjes. Dêrneist is drop in echt stikje Nederlânske kultuer. Doe’t yn novimber 2016 ús nije sierderij yn Jirnsum iepene waard, grapjage de boargemaster dat we in Kulturele Haadstêd-dropke meitsje moasten. Wat begûn is as in grap, is no realiteit”, seit Annemarie mei grutskens. “Ik merk dat de Friezen grutsk binne dat der wat spesjaals foar harren makke is. Sokke grutskens sjoch ik nearne oars yn Nederlân.”

De kar foar de Aldehou as LF2018-dropke wie gau makke. “Jirnsum leit yn de gemeente Ljouwert, it symboal dêrfan is fansels de Aldehou. It is spitich dat der alle jierren hûnderten Nederlanners nei de toer fan Pisa gean, tûzen kilometer fierderop. Hjir hawwe we ek in prachtige skeve toer. It dropke is makke neffens autentyk resept mei arabyske gom. Dêrtroch is it stevich, de smaak is swiet en bliuwt lang hingjen, krekt as de oantinkens oan Fryslân.”

We sille Oldtimers fan Autodrop noch faker weromsjen. “Tegearre mei Poiesz Supermerken sille we aksjes betinke om De Stormruiter en Explore the North hinne. Sa krije klanten bygelyks de kâns om kaarten te winnen foar dizze foarstellingen.” Der is net samar foar dizze twa foarstellingen keazen. “De Stormruiter stiet hiel ticht by Oldtimers, om’t dit projekt fan LF2018 ek Fryske kultuerhistoarje is. We hawwe mear plannen, mar dy steane noch yn ‘e berneskuon.”

Annemarie is meastentiids yn it súden fan Nederlân, dêr’t ek in fêstiging fan Concorp sit. Dochs komt se gauris yn Fryslân. “Ik bin faak yn ús fêstiging yn Jirnsum, mar yn 2018 sil ik noch faker nei it noarden ta. Sa wie ik okkerdeis by It Iepeningswykein fan LF2018. Wat my opfoel, is dat alles hiel professioneel regele wie. Ik fielde echt de enerzjy op de pleinen. Sels haw ik al kaarten foar De Stormruiter en Explore the North. Fierder sjoch ik wat der spilet en wannear’t ik der bin. It wurdt hoe dan ek in hiel moai jier.”

 

Tekst: Mark Grupstra / Foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens