Ga naar inhoud
MAP
fy

,,Sommige mannen binne net minsklik”

“Ik haw mominten hân wêryn’t ik hiel swak wie. Doe sei ik tsjin mysels dat ik trochgean moast want ik haw noch in hiel libben foar my. It ferline hast, de takomst moatst meitsje”, seit it minderjierrige famke dat sûnt fiif moanne yn de Veilige Veste fan Fier wennet. Se draacht de skûlnamme Sharon. Se hat in soad meimakke. Har mem ferliet hat op jonge leeftyd, se kaam mei in folle âldere man yn oanrekking en dêrnei libbe se yn ferskate ynstellingen. No’t se feilich yn Fier wennet, falt alles op syn plak en sjocht se de takomst mei sinneskyn temjitte. Reden foar har om mei te dwaan oan it teatertrijelûk Holstmeer fan Ljouwert-Fryslân 2018, wêrfan’t ien fan de trije parten him yn Fier ôfspilet. Sharon jout in unyk ynkykje yn har ferline, it libben yn in ynstelling en har blik op de takomst. 

“Ik haw fan in soad dingen spyt. Ik bin yn in relaasje gien mei ien dy’t folle âlder wie as ik. Dêr haw ik ferskriklike folle spyt fan. Om’t ik mysels en myn âlden dit oandien haw. Dat hawwe myn âlden en ik net fertsjinne.”

Fan ynstelling nei ynstelling
Sharon har âlden binne wichtich foar har. Of eins har heit en styfmem. “Myn heit hat my grutbrocht, tegearre mei myn styfmem. Myn biologyske mem hat my al hiel betiid ferlitten, wêrtroch ik in protte ferlittingseangst haw. As ik ien moetsje, bin ik hiel bang dyjinge wer kwyt te reitsjen. Ik haw wol kontakt mei myn biologyske mem, mar as ik it oer myn mem haw, bedoel ik myn styfmem.” 

Nei’t se yn oanrekking kaam mei in âldere man, gie it mis. Wat der krekt barde wurdt om feilichheidsredenen net neamd. Lokkigernôch koe Sharon fuortkomme en se bedarre yn in trajekt fan ynstellingen. “Ik kaam in jier lyn foar it earst yn in ynstelling. Dat gie net sa goed. Letter gie ik by myn tante wenjen, mar ek dat gie net goed. Doe bin ik wer nei dyselde ynstelling gien, en fia de minsken dêr bin ik by Fier telâne kaam. Ik bin bliid dat ik hjir bin. Hjir lear ik mysels kennen. Ik bin echt grutsk op mysels, mei wat ik hjir berikt haw en wat ik noch berikke kin.”

It deistige libben
Sharon sit 24 oeren deis yn de Veilige Veste fan Fier. Dêr sit se op in wengroep mei in oantal oare fammen dy’t wat soartgelyks meimakke hawwe. Der binne meardere groepen mei ferskillende eftergrûnen lykas earewraak, misbrûk, loverboys en minskehannel. Alle dagen is der in fêst programma. “Ik haw elke dei terapy, in groepsgearkomste en ik gean nei skoalle. Yn myn frije tiid fuotbalje ik en ik folgje gitaarles. Drok drok drok.” Proffuotballer wol Sharon net wurde. “Eartiids woe ik dat wol, mar no wol ik personal trainer wurde yn in sportskoalle. Sport is folle mear as allinne bewege. As ik sport, ferjit ik alles efkes. It is in útlitklep. Nei de training fiel ik my supergoed.”

Allinne yn de wykeinen mei Sharon mei ferlof. “Freeds nei skoalle pak ik de trein nei myn âlden. Ik spylje sa no en dan wat mei myn suske of sjoch televyzje. Fierder doch ik lekker neat. By myn âlden bin ik feilich.”

De fammen fan Fier wolle sjoen wurde. “Net elkenien wurdt wurdearre. Ik waard noait sjoen. Ik socht oandacht troch my yn te setten foar sport. Ik haw my hiel bot ferdjippe yn fuotbal en no kin ik dat aardich goed. Doe hearde ik fan oaren dat ik goed fuotbalje koe en waard ik opmurken. Mei de teaterfoarstelling litte we ússels ek sjen.”

Teatertrijelûk Holstmeer
Holstmeer fan De Jonge Republiek is ûnderdiel fan it haadprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018 en toant de ûnbekende wrâld efter de muorren fan de PY Ljouwert en de Veilige Veste fan Fier. 

Under de foarstelling, wêrfan’t it stik yn Fier ‘Het meisje zonder naam’ hjit, fertelt elk famke in stik út har eigen libben. “Ik spring op ‘e tafel en hâld in monolooch oer de krêft fan froulju. Minsken roppe faak dat froulju en manlju gelyk behannele wurde, mar ik merk dat net. Stel, myn neef komt thús mei in famke, dan is der neat oan ‘e hân. As ik dat doch, bin ik metien in hoer. Of wat der okkerdeis barde mei rapper Boef. Hy kin dei en nacht yn ‘e kroech hingje. Dy fammen dy’t him mei âld en nij thús brochten om’t er in lekke bân hie, hienen koarte rokjes oan en wurde dan metien útmakke foar hoeren.”

De monolooch fan Sharon komt tidens de foarstelling sichtber oan. Net allinne by it publyk, wêr’t hjir en dêr in trean litten wurdt, mar ek by harsels. “It is swier sa faak myn eigen ferhaal te fertellen oan frjemde minsken. Ik aktearje net, mar fertel myn eigen ferhaal. As ik froulju yn it publyk gûlen sjoch, haw ik myn doel berikt. Hooplik sjogge se my as in sterke frou. Ik wol sjen litte dat we mear opkomme moatte foar froulju, foar slachtoffers fan mishanneling en fan loverboys. As dat slagget, wit ik seker dat we de wrâld moaier meitsje kinne. Sommige mannen binne net minsklik.”

Tiid foar in feestje
Sharon wit noch net wannear’t se wer fuort mei út de ynstelling. “It makket my net út hoe lang at ik hjir bliuwe moat. Ik sit leaver mei de sekerheid fan in goeie takomst hjir as dat ik hjir betiid weigean en wer de fout yngean. Ik bin net bang wer deselde jongen tsjin te kommen, want dy wennet fier fuort. Ik bin allinne bang wer ien mei ferkearde bedoelingen tsjin te kommen. As ien my in komplimint jout, tink ik al gau dat der wat efter sit.”

Mar át se dan fuort mei, wit se al wat se dwaan sil. “Dan gean ik in feestje fieren. Dan haw ik myn doelen berikt en haw ik mysels kennen leard en goed kontakt opboud mei myn âlden. Ik doch dit net allinne foar mysels, mar ek foar har. Dat feestje is dan foaral foar mysels en myn âlden. Dy binne dan hiel grutsk op my.”

Warskôging
Lokkigernôch is Sharon ûntsnapt út de sitewaasje wêr’t se yn bedarre wie. No’t se dit meimakke hat, wol se oare fammen warskôgje. “Meitsje it besprekber ast ien tsjinkomst dy’tst leuk fynst. Hâld dat net foar dy. As hy of sy ferkearde bedoelingen hat, wol dyjinge dy júst ôfsûnderje fan dyn freonen en famylje. Besprek it mei dyn âlden of mei in oar. Ast mei ien ôfpraatst, lit it ien witte. Ik wol dat oare fammen net deselde fout meitsje as ik om’t ik se beskermje wol mei myn ferhaal.”

Fier en Holstmeer
‘Mienskip’ spilet ek binnen it wurk fan Fier in wichtige rol. “We wolle in duorsume ferbining oangean mei de ynwenners en organisaasje yn Fryslân, wêrby’t we keunst en kultuer ynsette as ynspirearjende katalysator”, fertelt Fier-manager Ingrid Eisma. “We sjogge it dêrneist as ús ferantwurdlikheid om de kliïnten kennis meitsje te litten mei kulturele aktiviteiten. Se binne net allinne slachtoffer, mar ek minsken mei harren kwaliteiten, eangsten en freugden. Fia keunst en kultuer kreëarje wy in moeting dy’t in oare laach oanboarret.”


Holstmeer is in teaterfoarstelling fan De Jonge Republiek
Tekst: Mark Grupstra / foto’s: Wietze Landman / fideo: Videobrouwers

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens