Ga naar inhoud
MAP
fy

Súdwest-Fryslân makket him klear foar komst tûzenen Europeeske dielnimmers At the Watergate

Hûnderten boargers, bedriuwen en ynstellingen út Súdwest-Fryslân drage oer in moanne har stientsje by oan it festival At the Watergate, ûnderdiel fan Ljouwert-Fryslân 2018. Tanksij harren ynset kinne fan 9 oant ‘e mei 11 maaie goed 6000 jongeren út tweintich Europeeske lannen hast 1000 optredens jaan op in grut oantal plakken yn de gemeente, mei Snits as episintrum. Op tiisdei 10 april waard by Cultuur Kwartier Sneek, inisjatyfnimmer en organisator fan At the Watergate, oan de parse in stân fan saken jûn fan de tariedingen op it muzyk- en dûnsspektakel. 

Frijwilligers
De organisaasje kin mei mar leafst 750 frijwilligers rekkenje op brede stipe ûnder de ynwenners fan de gemeente. Op moandei 10 april waarden hja bypraat oer de lêste ûntwikkelingen yn in folle Súdertsjerke yn Snits, troch ûnder mear Ben van der Knaap, artistyk lieder fan At the Watergate. Op- en ôfbouwers, hoarekameiwurkers, groepsbegelieders, fotografen en noch folle mear frijwilligersfunksjes: foar alle rollen hawwe har massaal belutsenen oanmeldt, fariearjend yn leeftyd fan 16 oant 80 jier. Ek yn groepsferbân wurde in soad frijwilligerssaken oppakt. Sa binne de optredens op poadiums yn de doarpen mooglik tanksij de ynset fan ferskate lokale ferieningen. De organisaasje is dêrmei sa goed as kompleet, sa seit frijwilligerskoördinator Manon Talman. “We sykje allinne noch tritich groepsbegelieders, dy’t it leafst alle trije dagen beskikber binne as maatsje en regelneef fan ien of mear dielnimmende groepen. We hawwe der al tachtich, mar dat is net genôch om bygelyks alle orkesten persoanlik op te fangen. Dit fine wy hiel wichtich. It persoanlike aspekt en in noflike kennismakking mei Súdwest-Fryslân: elkenien moat him wolkom fiele op At the Watergate en yn ús gemeente.”

Ynstrumentarium
De organisaasje ûndersteunt ek orkesten wannear’t ynstruminten, faak fan grut formaat, ûntbrekke trochdat ferfier dêrfan nei Súdwest-Fryslân net mooglik is. Ek op dit flak binne hast alle gatten tichte. De wurde noch pauken, drums en kontrabassen socht. Oare winsken op muzikaal mêd wurde lyksa troch de organisaasje oppakt. Anne Oosterhaven, it gesicht fan de ferneamde Bogerman-muzykôfdieling en mei in soad ûnderfining mei muzykeveneminten, ûntfermet him oer sokke fraachstikken. “De groepen rinne útien fan fjouwer oant njoggentich man en moatte allegear op in passend poadium pleatst wurde. Dêrmei hâldt it net op. Der binne dan noch allegear winsken. Wol de iene groep akoestysk spylje, by de oar moat oant it lytste ynstrumint fersterke wurde. Ek moatte wy rekkening hâlde mei de útienrinnende muzykstilen; der is in soad klassyk, mar ek pop, jazz en folk binne goed fertsjintwurdige.”

Mielen, busritten, oernachtingen
Der wurde tidens de trije festivaldagen 51000 ytbeurten fersoarge, wêrûnder feganistyske en glutenfrije mielen. Lokaal 55 út Snits spilet hjirby in krúsjale rol. Ek de help fan learlingen fan ROC Friese Poort en studinten fan Stenden Hogeschool Ljouwert is ûnmisber. Sy hawwe no al 3000 liter pompoene- en tomatesop klearmakke. 

In protte groepen sille tidens At the Wategate meardere kearen optrede op ferskillende plakken yn de gemeente. Al seker 75 busritten binne ynpland om alle dielnimmers te ferpleatsen, wit produskjoneel lieder Jelle Snijder. “Tusken lofthaven Schiphol en festivalhert Snits, mar ek nei poadia yn ‘e omkriten, lykas Boalsert, Koudum en Sânfurd. En nei ferskate lokaasjes fan soarchorganisaasje Patyna, bygelyks Frittemahof (Snits), Bloemkamp (Boalsert) en Talma State (Heech). Om’t it foar âlderen dreech is om de poadiums op te sykjen, benadere Patyna ús mei it idee om yn de lokaasjes in poadium te kreëarjen foar in oantal muzikale optredens, in fantastyske oanbieding wêr’t wy tankber gebrûk fan makke hawwe. Jong en âld wurde sa op in unike wize oan elkoar ferbûn.”

Arran Bakker is ferantwurdlik foar de gastfrijens. “Om elkenien in sliepplak biede te kinnen, binne der 3100 bêden hierd wêrmei’t fiif lokaasjes fan CSG Bogerman. RSG Magister Alvinus, RSG Malta en De Diken ynrjochte wurde as pop-uphostel.” Dêrby krijt de organisaasje help fan mear as twahûndert meiwurkers fan Empatec. Fierder binne der 22 akkomodaasjes hierd op alderlei plakken yn de provinsje.

Oanklaaiïng
En dan moat it der fansels ek noch moai útsjen. Artistyk lieder Ben van der Knaap lit in 3D-fisualisaasje sjen fan it festivalterrein mei poadia yn allegear ferskillende soarten en maten. “Alle poadiums befine har op of om it wetter hinne, by elk optreden is it fielber dat je je yn de Wetterpoartestêd befine. Hiel bysûnder is ek it Ekopoadium dat folslein selsfoarsjennend is troch de wei fan sinnepanielen.” Van der Knaap jout dêrby noch in demonstraasje op in saneamde ‘metallofoon’ of klankklok. Yn de foarm fan it logo dat basearre is op de Wetterpoarte, komme de twa meter hege buisobjekten oeral yn de stêd te stean. “Moai om nei te sjen, mar ek geskikt om in deuntsje op te spyljen. Sels de oanklaaiïng daacht ús muzikale gasten grif út ta in spontaan optreden.”

Mienskip
Presys fjouwer wiken foar’t it festival yn folle gong is, draait it projektteam oeroeren. Dochs is it alle ynspanningen mear as wurdich neffens festivaldirekteur Lieuwe Toren. “We sette hjir mei ús allen wat prachtichs del, de Mienskipsgedachte wurdt nei in heger nivo tild. It is de bedoeling dat men lang nei it festival noch oer At the Watergate neiprate sil.” Dat wol de organisaasje ûnder mear berikke troch it organisearjen fan in kongres op woansdei 9 maaie foar de keunst- en kultuerbrânsj Music in the Mienskip. Tidens dit kongres sil der, troch mear as 20 lannen, in konvenant ûndertekene wurde: it At the Watergate manifest. In oerienkomst tusken it ûnderwiis, de polityk en muzykoanbieders yn Fryslân yn it ramt fan Meer Muziek in de Klas. 

Uteinlik bestiet it hiele festival út fjouwer ûnderdielen: it pree-festival Open the Gate wêrby’t 500 Dútske learlingen al fanôf tiisdei 8 maaie meiinoar spylje en optrede mei de jongeren út it Snitser Kunstencentrum Atrium. Dan folget op woansdeitemiddei it kongres Music in the Mienskip dat yn Theater Sneek holden wurde sil. Op woansdeitejûn barst it feest los mei it iepeningsspektakel dat him fansels ôfspilet op en om de Kolk hinne, by de Wetterpoarte. “Alle dielnimmers wurde aanst wolkom hjitten troch sprekstâlmaster Bart Meijer. It Noorderlijk Orkest Collectief ûnder lieding fan Harmen Cnossen, fan oarsprong in Snitser, jout in grut konsert en ek jong fioeliste Enzo Kok, dj’s, solisten en ‘Parademakkers’ trede op “, sa seit Lieuwe Toren. Ta slot de festivaldagen sels: “It wurdt in potpoerry fan alderlei muzikale streamingen fan jong talint út alle wynstreken.”

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens