Ga naar inhoud
MAP
fy

Sûvenirs Talant yn webshop LF2018

Soarchorganisaasje Talant start mei de ferkeap fan ‘Eigenmakke’ sûvenirs yn de offisjele webshop fan Ljouwert-Fryslân 2018. De hânmakke sûvenirs binne in moai en unyk oantinken oan LF2018 en/of in bysûnder kadootsje foar minksen dy’t fan Fryslân hâlde. De produkten binne te finen op shop.friesland.nl.

De ferkeap fan de produkten is mooglik tanksij de noflike gearwurking tusken Talant en Strikwerda & Smit Promotions. Dit Fryske bedriuw docht de merchandise fan LF2018 en regelet de webshop. “Wy binne ûnder de yndruk fan de moaie produkten fan Talant”, fertelle Anne-Wies Smit en Johannes Strikwerda entûsjast. “It past perfekt by ús oanbod oan duorsume produkten.”

Oandacht en leafde
De makkers fan de ‘Eigenmakke’ produkten hawwe in ferstanlike beheining. Se wurkje mei in soad oandacht en leafde oan de produkten. Dit dogge se yn ferskate deibestegingslokaasjes fan Ondernemend Talant en Wil. Dat de troch harren makke produkten no ek te krijen binne yn de webshop, makket harren tige grutsk.

Ondernemend Talant
De lokaasjes fan Ondernemend Talant hawwe sels ek ferkeappunten mei in wiidweidich assortimint kadoartikelen, wenaksessoares, keramyk en babyklean. In oersjoch fan alle lokaasjes stiet op www.talant.nl/ondernemendtalant.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens