Ga naar inhoud
MAP
fy

Talant komt mei eigen Kulturele Haadstêdliet

Spesjaal foar Ljouwert-Fryslân 2018 dûkten kliïnten fan Talant de studio yn om harren eigen liet foar LF2018 op te nimmen. It nûmer hjit fan ‘Wij maken er een feestje van!’. En dat is krekt wat se wolle; meidwaan en genietsje fan Ljouwert-Fryslân 2018. 

It liet is fanôf tongersdei 29 maart te belústerjen fia www.talant.nl/khlied. Mei in spesjale toerbus, dy’t tagelyk in ridend poadium is, promoatsje de artysten harren liet by ferskate lokaasjes fan Talant. 

Artysten
De sjongers binne minsken mei en sûnder beheining. Talants slachwurkgroep Syncoop soarget foar de muzikale begelieding. “It moaie oan dit koar is dat we sjen litte dat we allegearre wat oan elkoar hawwe kinne. Ofst no wol of net in beheining hast. Mei sang en muzyk komst hiel moai by elkoar”, fertelt Sonja Franken. Sy is tegearre mei Douwe Bouma muzikaal lieder fan it koar.

Geweldich
Ungefear twa jier lyn kaam kliïnt Henk van der Tuil mei it idee om it liet te meitsjen. Elkenien hie metien eat fan ‘dat geane we dwaan!’. Yn gearwurking mei produsinten Smoet en Smoel waard de klip opnaam. Henk fynt it geweldich dat syn idee no útfierd is. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens