Ga naar inhoud
MAP
fy

Unmisbere krêft

Yn It Iepeningswykein wienen oeral frijwilligers fan Ljouwert-Fryslân 2018. Unmisbere, faak beskieden minsken dy’t har op ‘e eftergrûn tahâlde, mar harren mei hert en siele ynsette. 26 jannewaris is it LF2018 ynfopunt iepene ûnder it eardere Aegongebou yn Ljouwert. Yn it punt, dat tydlik húsfeste is yn in kontener, sette frijwilligers harren elke dei yn om toeristen paadwiis te meitsjen yn de Kulturele Haadstêd fan Europa. Twa fan har binne Harmen van der Linde en Anne Hilarides.

“Under it iepeningswykein holp ik de bûtenlânske parse, om’t ik mearder talen praat”, leit Anne út. “Sa wurdt elke frijwilliger nei syn feardigheden frege, sadat se sa goed mooglik ynset wurde kinne. It is in aardichheid om as frijwilliger efter de skermen stean te kinnen.” Ek by it ynformaasjepunt komme gauris bûtenlanners mei fragen. Under it iepeningswykein wie mar leafst in kwart fan alle besikers by it ynfopunt bûtenlânsk. 

Der komme twa froulju by it ynfopunt. “Wêrmei kin ik jim helpe?”, freget Harmen, nei’t er syn rútsje iepene hat. “Wy binne in dei yn Ljouwert en wolle graach witte wat der te dwaan is”, seit ien fan de froulju. Dit is de meast stelde fraach by it ynformaasjepunt. Harmen ferwiisd se nei de ljochtshow fan Daan Roosegaarde dy’t deselde jûns op it Wilhelminaplein te sjen is. “En de museums binne iepen.”

Advys op maat
“Der bart sa’n protte, dat we net alles witte kinne”, seit Anne. “We jouwe altyd in krante mei wêr’t al in hiele soad ynformaasje yn stiet. Faak hawwe minsken ek al op ynternet sjoen en besykje se de stêd mei in doel. We soargje derfoar dat we witte wat der op de dei sels yn Ljouwert te dwaan is en wat der yn ‘e provinsje spilet. Ofhinklik fan hoe lang’t minsken yn Fryslân bliuwe, jouwe we tips oer wêr’t se hinne kinne.” Harmen follet oan: “In soad minsken komme foar ien dei en hawwe allinne tiid foar in besyk oan de stêd. Ynternasjonale besikers komme faak langer. Dy ferwize we dan ek troch nei bygelyks Dada in Dr8888.”

“Ljouwert wie in ûnbekende stêd yn Nederlân”, seit Harmen. “LF2018 set de stêd op ‘e kaart. Sawol it toerisme as de kultuersektor krijt in boost. Dêr draach ik graach oan by.” De kontener wêryn’t op dit stuit it ynfopunt sit, is tydlik. Ien maart giet it publykssintrum efter de kontener iepen. Dêr is romte foar alle fragen om LF2018 hinne, in kopke kofje en LF2018-merchandise. 

Bliuwende help
Nei 2018 bliuwt nei alle gedachten in grutte poel oan frijwilligers bestean dy’t ûnder bliuwende eveneminten ynset wurde kinne. “In protte fan de frijwilligers dy’t der no binne, helpe al jierren mei oan festivals as Welcome to The Village, Oerol en lytsere lokale projekten”, leit Anne út. “Dêr bin no minsken bykaam dy’t ek nei 2018 frijwilligerswurk dwaan bliuwe wolle. Der komt in bestân mei frijwilligers wêr’t meardere organsiaasjes út putte kinne. Ik set my ek al in skoftsje yn foar Nederland Schoon. Alles is no opknapt en skjinmakke foar alle besikers dy’t dit jier komme. Litte we der mei ús allen foar soargje dat it nei 2018 ek kreas bliuwt en der gjin swalkôffal of hûnepoep op de strjitte leit. Ik bliuw sels nei 2018 ek aktyf as frijwilliger. Yn de sport, mei bern, mei it miljeu of kultuer. Sûnder frijwilligers is der gjin lân te besilen.” 

Hannen út ‘e mouwen
Hoe mear minsken meidogge, hoe better. Meld dy oan as frijwilliger fia 2018.nl/vrijwilliger.

 

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens