Ga naar inhoud
MAP
fy

Ut ‘e hân rûn mienskipsinisjatyf

It is moai as eat noflik út ‘e hân rint: wat in leuke eksposysje fan in tritichtal keunstners wurde moatte soe, groeide út ta in grutte tentoanstelling fan mear as fiifhûndert wurken fan goed trijehûndertfyftich keunstners. It mienskipsinisjatyf ‘Kunstenaar laat je kunsten zien op 20x18 in 2018’ fan echtpear Henk en Aleida Dillerop út Ljouwert, dat se spesjaal betochten foar Ljouwert-Fryslân 2018, is al foar de offisjele start op 5 april in sukses. 

“It begûn mei it idee mear skilderkeunst op it programma fan LF2018 te setten”, leit Henk út. “Dat is eksplodearre. Der komme noch altyd nije oanmeldingen binnen.” It formaat fan de wurken, tweintich by achttjin sintimeter, is hiel ûngewoan yn de keunstwrâld. “Earst woe ik de keunstners wurkje litte mei panielen fan tweintich by tweintich sintimeter, mar op in nacht waard ik wekker en kaam op it idee der 20x18 fan te meitsjen, fanwegen 2018. Ik tink dat it ek it formaat is dat sa oansprekt, njonken de sympaty dy’t keunstners foar it idee hawwe. In eksposysje makke troch de mienskip.”

Underskate soarten keunst

Om’t de panielen trije sintimeter dik binne, kinst der alle kanten mei op. Se kinne net allinne hingje, mar ek stean. Fan byldhoukeunst oant fotografy en fan skilderkeunst oant smeiwurk, alles is mooglik. Sa sit der wurk fan edelsmid Theo van Halsema (Ljouwert) tusken, mar ek skilderwurk fan Dinie Boogaart (Nyegea). “Ik bin ferheard oer de kreativiteit fan de keunstners. It begûn mei skilders, letter frege in befreone fotograaf oft er meidwaan koe. Wilens dogge der ek keramisten en borduerders mei. It is wier sa leuk wat se allegearre meitsje”, seit Henk tefreden. 

Mata Hari

In gauris foarkommend byld is Mata Hari yn alderlei ferskillende foarmen. Henk rint troch de galery, dy’t yn it sûterrên fan it grêftepand oan de Westerkade yn Ljouwert fêstige is. “Dit is de moaiste”, seit er wylst er in felkleure skilderwurk yn ‘e hân nimt. “It is makke troch in keunstner mei in ferstanlike beheining. Ik organisearje faker eveneminten en eksposysjes en altyd wurkje ik gear mei minsken fan Atteljee, Bascule yn Snits of Talant in Dokkum. Guon fan harren ferkeapje sels wurk. It is geweldich om mei dy minsken gear te wurkjen.”
Hoewol’t guon blokpanielen no al ferkocht binne, bliuwt it wurk fan alle keunstners oant 29 oktober te bewûnderjen yn Galerie Westerkade yn Ljouwert. Dêrneist wurde parten fan de kolleksje tentoansteld by in oantal oare galeryen yn Fryslân. 

Oare lokaasjes

Bella Vista yn Ljouwert, Moglas yn Kûbaard, Kunst in Beweging yn Koudum en yn in lytse eksposysje by ArtBrut058. “Dat sil benammen wurk wêze fan keunstners dy’t meardere panielen makke hawwe. Ik haw hjir ienfâldichwei te min romte om alles sjen te litten.”

Njonken in keunstwurk leveret elke keunstner in dna-buiske foar DNALWD2018 yn. “We wolle mei alle keunstners mienskiplik in hiel raam folje yn it keunstwurk fan DNALWD2018”, seit Henk.

Nei 2018 giet in part fan it wurk werom nei de keunstners of nei de nije eigner. “Ik bin mei in in oantal fan de keunstners yn petear om te sjen oft we wat mei alle oerbleaune wurken dwaan kinne. Bygelyks alles nei de Kulturele Haadstêd fan 2019 bringe. We wolle hoe dan ek in moai neislachwurk meitsje yn de foarm fan in boek mei in persoanlik ferhaal fan elke keunstner.”
Folgje de ynstjoerings
Hâld yn ‘e gaten hokker moaie wurken der allegearre ynstjoerd wurde fia facebook.com/kunstenaarlaatjekunstenzien2018  
 

Tekst: Mark Grupstra / foto: Wietze Landman / video: Kweekvijver Noord
 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens