Ga naar inhoud
MAP
fy

‘We dogge wat werom foar de provinsje’

Anne Hettinga
Direkteur Arriva Nederland

De programmapresintaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018 stiet noch farsk yn it ûnthald. Op dizze dei – 3 oktober 2017 – tekene Arriva as tredde en lêste haadsponsor fan Kulturele Haadstêd it sponsorkontrakt. Mei alle toeristen dy’t de provinsje dit jier ferwolkomje sil, is de ferfiersmaatskpippij mear as wolkom. 

“Ik wie bot ferrast doe’t Ljouwert útroppen waard ta Kulturele Haadstêd”, seit Anne Hettinga, direkteur fan Arriva Nederland. “We binne offisjeel sûnt koart haadsponsor, mar dêr is in hiel lang trajekt oan foarôfgien. We binne al tweintich jier húsleveransier foar it iepenbier ferfier yn Fryslân, dat we woenen wat weromdwaan foar de provinsje. It wie dan ek in logyske stap om haadsponsor te wurden.”

De ôfrûne jierren ferfierde de maatskippij daagliks goed 40.000 passazjiers binnen Fryslân. Anne hat hege ferwachtings fan dit jier. “We steane klear om bussen út hiel Nederlân wei nei Fryslân te heljen om de stream oan passazjiers yn goeie banen te lieden. Arriva ferfiert ek yn Aarhus, Kulturele Haadstêd fan 2017, en dêr hawwe we in grutte taname yn it oantal passazjiers murken.”

De bussen ferfiere it publyk it hiele jier yn styl. Op dit stuit wurde ferskate bussen omtovere yn de húskleuren fan LF2018. In oantal wurdt folslein bedrukt en in oantal foar in part. Dêrneist sille der bussen en treinen yn de styl fan de alve fonteinen rûnride. In prachtich, ridend, fisitekaartsje foar de provinsje. Alle sjaufferus krije in LF2018-spjeld foar op harren unifoarm. 

Twa grutte projekten wêroan’t de ferfierder ferbûn is, binne Fossylfrij Fryslân en 11Fountains. “Yn 2025 moat al ús rydark duorsum wêze.” Bûten it haadkantoar op It Hearrenfean stiet in grutte waskstrjitte foar bussen dy’t folslein enerzjyneutraal is tanksij in dak fol mei sinnepanielen. “Tidens de Elfwegentocht, ûnderdiel fan Fossylfrij Fryslân, ride ús ferfiersmiddels spitigernôch noch net folslein fossylfrij, mar we soargje derfoar dat safolle mooglik minsken de auto stean litte en de trein of bus nimme. Dat skeelt al in protte CO²-útstjit.”

“De fonteinen binne in hiel moaie neilittenskip fan in Kulturele Haadstêd. Us treinen en bussen geane lâns alle alve stêden. We hawwe wat moais betocht foar alle besikers fan de fonteinen.” 

De direkteur fynt it mienskipsgefoel it moaiste oan LF2018. “Dêrtroch is Ljouwert ek ta Kulturele Haadstêd keazen. Al dy lytse projekten dy’t oeral ûntsteane, dêrfan sil in part ek nei 2018 bestean bliuwe. Tink oan Oerol en Zwarte Cross dy’t ek as lyts evenemint of foar ienkear begûn binne en no alle jierren útferkocht binne. Ik wurd wier grutsk as it aanst in sukses is.” 

Tekst: Mark Grupstra / foto's: Wietze Landman

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens