Wetterfestival by Ljouwerter WaterCampus en Potmarge

Ljouwert - Capital of Watertechnology – is it wykein fan 28 en 29 april it plak wêr’st wêze moatst as it om wetterwille giet. Dan is der op de WaterCampus en lâns it rivierke de Potmarge fan alles te dwaan foar it hiele gesin. It wetterfestival is it startevenemint fan de ‘Nationale Week van ons Water’, it lanlike programma om it wetterbewustwêzen te stimulearjen. 

It Waterfestival is wille foar elkenien 
It festivalterrein rint fanôf de wetterboarterstún oan de Potmarge oant it markante gebou fan Wetsus en is fergees tagonklik. Der bart fan alles, der is wille en ferwûndering foar elkenien. It festival hat fiif tema’s: WaterFunPark, WaterWeetWereld, WaterCampus Proeftuin, Waterland Fryslân en it WaterTheater. Der is keunst en teater dêr’t de spatten fanôf fleane. Omtinken foar ús Fryske natuer dy’t sa ryk is oan wetter. Mar we sette ek de spotljochten op technyk en wurkje mei wetter yn de WaterCampus Proeftuin. Dêr kinne bern en âlden ûnder lieding fan in Wetterprofessor eksperimentearje mei wetter. 

It WaterTheater hat in wiidweidich programma mei fergeze foarstellingen foar bern fan 3 oan 12 jier. Leaver aktyf dwaande? Stap yn in trochsichtige kano en sjoch nei de wetterwrâld ûnder dy. Krûp yn in aquabubble en rôlje oer it wetter, wês biolooch foar ien dei en bestudearje it libben yn it wetter of bou sels diken yn de dikeboubak fan Wetterskip Fryslân. Underwetterdrones? VR-belibbingen? Sjippekist-talks? In Italiaanske gondel? It is der allegearre.

Lansearring wetterbeleefrûtes
Tidens it festival kinne besikers gebrûk meitsje fan de nije app Rûtes Fryslân Style. Dizze app wurdt ûnder it wetterfestival lansearre en tsjinnet dit wykein ek as in stikje ekstra belibbing op it festivalterrein. Yn de app binne njonken de spesjale festivalrûtes ek de Waterbeleefroutes fan WaterConnecting2018 te finen en noch folle mear rûtes troch Fryslân. 

WaterConnecting 2018
It Waterfestival is in inisjatyf fan WaterConnecting2018, it wetterprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018, de gemeente Ljouwert en Provinsje Fryslân, fol mei wettereveneminten yn en om Ljouwert hinne, en it festival is de start fan de ‘Nationale Week van ons Water’. 

Tagong en tiden
It Waterfestival is fergees tagonklik en op sneon 28 en snein 29 april is it festivalterrein by de Potmarge en de wetterkampus iepen fan 10.00 oant 17.00 oere. 

Mear ynformaasje is te finen op www.waterconnecting.frl.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators