Ga naar inhoud
MAP
fy

Wrâldrekôr Grutste Elektryske Boateparade

Op 14 july wurdt yn Fryslân foar it earst op ‘e wrâld in rekôr ‘grutste elektryske boateparade’ delset. De boateparade is ûnderdiel fan de Elfwegentocht Parade, in gigantyske, 13 kilometer lange bûnte optocht fan fossylfrije ferfiermiddels op de dyk en yn it wetter. De organisaasje nûget alle minsken mei elektryske boaten yn Nederlân en dêrbûten út om mei te dwaan oan it wrâldrekôr op 14 july, of mei de trijedaagse Elfvaarwegentocht fan 12 oant ‘e mei 14 july. 

Primeur Elektryske Boateparade
Fryslân hat yn july in primeur, want it is de earste kear op ‘e wrâld dat der in rekôr delset wurdt foar ‘grutste elektryske boateparade’. Yn maaie krijt de organisaasje fan de Elfwegentocht fan it Guinness Book of Records te hearen hokker oantal helle wurde moat foar in offisjeel wrâldrekôr. De organisaasje hopet op in geweldich grutte parade mei net allinne elekryske boaten, mar ek sylboaten, sinneboaten, roeiboaten, kano’s, suppers en flotten. Alle fartúgen binne wolkom salang’t se mar fossylfrij foarút komme. Sa wurdt der maksimale oandacht helle foar duorsum reizgjen op it wetter. Oanmelde kin fia www.elfwegentocht.nl/parade.

Elfvaarwegentocht: 12 oant ‘e mei 14 july
Wa’t sljocht is op wetter, sin hat oan in leuk útstapke en duorsumens wichtich fynt, kin ek meidwaan oan de Elfvaarwegentocht, of in part dêrfan. Alle fossylfrije fartúgen binne wolkom! Op 12 july set de tocht ôf yn Ossenzijl yn Oerisel op wei nei it teaterspektakel Iepenloftspul op ‘e Marchjepôle yn de Tsjûkemar. De 13e fart de optocht fierder nei Grou en docht op de 14e mei oan de Parade yn Ljouwert. Minsken dy’t sels gjin boat hawwe, kinne ek meidwaan trochdat ferskate entûsjaste Fryske bedriuwen tsjin spesjaal Elfwegentocht-taryf kano’s, sups of elektryske sloepen ferhiere. Mear witte of oanmelde kin fia www.elfwegentocht.nl/water.

De Elfwegentocht: twa wiken feest  
De Elfwegentocht: fan 1 oant ‘e mei 14 july 2018 fiert Fryslân feest sûnder in drip benzine of disel. Sa wol de provinsje de klimaatferoaring in halt taroppe. Fanôf de provinsjegrinzen sille allinne fossylfrije ferfiermiddels it ferkearsbyld bepale. Alle 50.000 studinten yn Fryslân dogge al mei, krekt as tsientallen bedriuwen en in soad gemeenten. De Elfwegentocht wurdt op 14 july ôfsletten mei de grutste duorsume parade ea. Hjir wurde hooplik trije wrâldrekôrs delset, nammentlik de grutste parade fan elektryske auto’s, ferfiermiddels én boaten. De Elfwegentocht is ûnderdiel fan it Kulturele Haadstêdprojekt Fossylfrij Fryslân. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens