Ga naar inhoud
MAP
fy

Yn it lân fan de jirpel binne alle tafels beset

It evenemint ‘Ete bij de Boer XL’ is útferkocht. It projekt makket diel út fan Potatoes go Wild en sit yn it haadprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018. Ete bij de Boer servearret in bysûnder ierappelmiel yn acht boereskuorren. Op 23 juny skowe tûzen gasten oan. Mooglik dat de kapasiteit útwreide wurdt mei in ekstra skuorre. “Mar it moat al helber wêze en de kwaliteit stiet foarop”, sa seit Froukje de Jong fan Potatoes go Wild.

It ierappeldiner is in inisjatyf fan de Stichting De Bildtse Aardappelweken (BAW). Yn de skuorren skowe gasten oan oan lange tafels foar in boeremiel, mei in link nei dizze tiid. Froukje de Jong, foarsitter fan de Stichting BAW, is tige optein dat it evenemint sa fluch útferkocht is: “It is prachtich dat der safolle belangstelling is foar ús evenemint.” Op dit stuit wurdt ûndersocht oft it noch mooglik is om in noch in skuorre yn te setten foar ekstra kapasiteit. 

Stichting BAW organisearret dit jier ferskate eveneminten wêrby’t de ierappel sintraal stiet ûnder de neamer Potatoes go Wild. It doel is om de konsumint tichter by de produsint te bringen. Ien fan de oare aktiviteiten is ‘Fruchtbere Grônd’, in eksposysje yn sân ferskillende skuorren lâns de Aldebiltdyk fan 21 juny oant ‘e mei 15 july. Keunstners út West-Fryslân, Fryslân en it Dútske West- en Ost-Fryslân litte wurk sjen wêryn’t it plattelân en de itensproduksje sintraal steane. In oant begjin septimber duorjende bylderûte makket diel út fan de tentoanstellingen.

Op 29 en 30 juny en 1 july sil der in spektakulêre lokaasjefoarstelling op in ikker by Swarte Hoanne plakfine, wêrby’t muzikanten, sjongers en lânboumasines de haadrol spylje. De rezjy fan it stik ‘Altyd Seumer’ is yn hannen fan Sjoeke-Marije Wallendal, fan de suksesfolle foarstelling Marijke Muoi. De kaartferkeap fan dizze foarstelling is al begûn en ek hjir giet it hiel fluch, dat wês der gau by. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens