Ga naar inhoud
MAP
fy

Ynlogge op webshop as ûndernimmer

Yn de mailing fan 30 novimber lêstlyn kundigen we it yn ‘e loft gean fan de webshop al oan. It is wilens ek mooglik om as ûndernimmer op de webshop yn te loggen. As ûndernimmer komme jo yn oanmerking foar oantreklike kwantumkoartingen op alle produkten dy’t yn de webshop steane. 

Registrearje
Om gebrûk meitsje te kinnen fan de foardielen moatte jo jo ienkear registrearje. As jo geane nei https://shop.friesland.nl stiet der rjochtsboppe in knop ‘inloggen ondernemers’. Hjir kinne jo jo registrearje op de webshop en dêrnei metien ynlogge. 

Promoasjemateriaal
Sa’t yn de mailing fan 30 novimber lêstlyn ek oanjûn, is it aanst ek mooglik om betelle (bygelyks flaggen) en fergees (bygelyks aansichtkaarten, stikkers en posters) promoasjemateriaal fia de webshop te bestellen. Nei alle gedachten kin dat fanôf dizze of oare wike. Hâld hjirfoar de webshop yn ‘e gaten. 

Sjoch gau op de webshop en ûntdek de oantreklike foardielen. 

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens