Ga naar inhoud
MAP
fy

Ynspiraasjeboarne: Giorgio Morandi

De Italiaanske keunstner Giorgio Morandi (1890-1964) is de grutmaster fan de tweintichste iuwske stillibbenkeunst. Mei subtyl skildere fazen, potsjes en flessen groeide hy út ta in ikoan. De tiidleazens en ferstilling yn Morandi’s skilderijen sprekke in soad kollega-keunstners oan. Net foar neat wurdt er in painter’s painter neamd, in foarbyld foar oare skilders. Fan 24 febrewaris oant ‘e mei 10 juny is in grut part fan syn wurk te sjen yn Museum Belvédère op It Hearrenfean. 

Morandi late in weromlutsen bestean yn syn berteplak Bologna. Hy libbe tegearre mei syn trije ûngetroude susters en kaam komselden de stêd út. It leafst wie er yn de beslettenens fan syn sobere atelier te finen. Dit wie in keamer mei mar ien rút dat útseach op in binnenplak. Hjir sliepte hy, hie er in tekentafel, in boekekastje, syn esel en lâns de muorren planken fol mei alledeiske objekten. Hjir fûn er ek syn modellen; krûkjes en potten dy’t ferivige waarden yn hieltyd wikseljende gearstallingen.

Ynspiraasjeboarne
Morandi koe dagen dwaande wêze mei it ferpleatsen fan de foarwerpen dy’t er skilderje woe. Dêrby ûndersocht er it ljocht, de komposysje, de ûnderlinge gearhing en de relaasje ta de romte. Hieltyd itselde dwaan, mar dan oars. Hy bestudearre sawol foarm as betsjutting en learde net allinne himsels, mar ek de leafhawwers fan syn skilderijen om oars te sjen.

Yn de tentoanstelling ‘Giorgio Morandi | Bologna’ binne in soad fan syn stillibbens te sjen, mar der is ek omtinken foar de pleatslike arsjitekteur. Formele aspekten út de boukeunst fan Bologna binne nammentlik werom te finen yn it wurk fan de skilder. Dat soarget foar in ûnferwachtse en fernijende kennismakking mei syn wurk.

Kaarten
Bestel dyn kaarten op 2018.nl/giorgiomorandi

Mei tank oan
De tentoanstelling komt ta stân yn gearwurking mei Museo Morandi yn Bologna. ‘Giorgio Morandi | Bologna’ wurdt mei mooglik makke troch de Turing Foundation, Fonds 21, LF 2018, Provinsje Fryslân en de Gemeente Hearrenfean.

Hoofdsponsors
Hoofdsponsors
Businesspartners

Initiators

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Culturele Hoofdstad van Europa


Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens