1000&1 Nacht

Tryater spilet 1000&1 Nacht

Contact

Adres:
Tryater
Oostersingel 70
8921 GB Leeuwarden
Plan dyn rûte
Ofstân (ôfstân):

1000&1 Nacht is de lêste foarstelling fan regisseur Ira Judkovskaja as artistyk direkteur by Tryater. Ira har fertolking fan Tûzen-en-ien-nacht bringt dy alles wat teater is: live, alle jûnen wer oars, betoverjend, boartlik en yntins. Kom op de brulloft fan de Kening en Sheherazade: in teatrale belibbing!

Bist ek by de brulloft fan de Kening en Sheherazade, de dochter fan de adviseur fan de Kening? Ja, dy Sheherazade, dy’t altyd mei de noas yn de boeken sit en noch gjin man yn de eagen oansjen doard hat. Hoe’t it kin dat krekt sy mei de Kening trouwe sil…

No, de oare froulju wienen op. Yn it hie…

Lês fierder

No, de oare froulju wienen op. Yn it hiele lân. Dat witst toch wol? De Kening trout alle jûnen in nije jonge frou – ja, hy is in echte hear: gjin seks foar it houlik – en de oare moarn slacht er de holle derôf. Om’t froulju, neffens de Kening, net te fertrouwen binne.

In meunster? Us Kening? Wolnee. Hy hat gewoan in soad meimakke. Oait hâlde er in hiel soad fan syn frou, mar se hat mei in oar slept. Mei in slaaf, of sels mei tsien slaven. In meunsterlik wêzen.

No is Sheherazade oan bar. En se is net bang. Se is derfan oertsjûge dat se likegoed har eigen libben as it lot fan har lân troch har ferhalen rêde kin. Dêr ken se in hiel soad fan, om tûzen en ien nachten mei te foljen. Fan de fierste lannen en de nuverste religys ken se de ferhalen. Fan in frou dy’t net by steat wie om lilk te wurden, oant in seereizger dy’t himsels graach yn problemen brocht, oant in ferhaal fan in frjemd folkje dat nachts by elkoar kaam om elkoar ferhalen te fertellen en gedichten foar te dragen, sadat har eigen taal net ferlern gie.

Ik wol dy brulloft net misse. Ik wol wol sjen hoe’t Sheherazade it houlik oangiet. As moarn har holle derôf slein wurdt, bin ik der ek by. Dat is toch moai, sa’n ûnthalzing? Heart by ús tradysje.

  • De voorstelling is meertalig. Er is Nederlandse vertaling beschikbaar in de vorm van een AR-bril met ondertiteling. Wil je hier gebruik van maken dan kun je een ticket bestellen inclusief AR-bril.

Kredits

Konsept en regy Ira Judkovskaja | Dramaturgysk advys Peter Sijbenga | Foarmjouwing Elze van den Akker | Kostúmûntwerp Linda Eijssen | Muzyk Beppe Costa | Ljochtûntwerp Koos de Vries | Spul Beppe Costa, Aly Bruinsma, Jochem Stavenuiter, Marjolein Ley, Tijs Huys, Romke Gabe Draaijer, Brecht Wassenaar | Regy-assistint Eline de Vries | Foarstellingslieder Aart Laferte |

Lês minder

Wannear

  • daagliks fanôf 13 maaie 2020 oant 'e mei 6 juny 2020
  • We spelen verschillende dagen van 13 mei tot en met 6 juni, kijk op www.tryater.nl voor de specifieke dagen. De voorstelling begint na zonsondergang.

Yn 'e buert

Toan risseltaten