Ga naar inhoud
MAP
Vader en zoon - Florian Cats

Vader en zoon

Tweintich jier lyn spilen Joop en Mads Wittermans Vader en Zoon.

No stean se wer tegearre op it toaniel, mar der is wol wat feroare!

Yn de foarstelling fan doe hie heit lêst fan in midlifecrisis en wegere soan, nettsjinsteande ynspanningen fan syn heit, te foldwaan oan de noarmen fan de maatskippij. Anno 2021 sit de soan tsjin in midlifecrisis oan en liket er konformist wurden te wêzen. Wylst yn heit de anargist wekker wurdt; hy set him ôf tsjin alle regels dy’t it âlder wurden en de oankommende dea mei har meibringe. De rollen binne dus folslein omdraaid, of leit it wat oars?

Seis skriuwers (Bouke Oldenhof, Joer…

Seis skriuwers (Bouke Oldenhof, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra en Jan Veldman) skreaunen nije teksten. Troch Jan Veldman en regisseur Liesbeth Coltof binne dy op keunstige wize mei elkoar ferflochten. Vader en Zoon is in spul tusken feit en fiksje, doe en no. It is in humoristyske, oandwaanlike en soms pynlike teaterdialooch. In hertstochtlik petear oer âlder wurde, jierrenlange patroanen en elkoar los doare litte.

Vader en zoon is foar it grutste part Nederlânsktalich mei sa no en dan Frysk.

Vader en zoon is in ko-produksje fan Tryater en Theater Wittermans Producties.

Wannear

  • elke woansdei, tongersdei, freed, sneon en snein fanôf 14 oktober 2021 oant 'e mei 18 desimber 2021

Prizen

  • FolwoeksenenFan € 17,50 oant € 23,00

Yn 'e buert

Toan risseltaten

Schrijf je in voor onze nieuwsbrief

Ontvang het laatste nieuws, tips en aanbiedingen van Friesland.nl

Minsklike falidaasje is mislearre

Lees hier hoe wij omgaan met je gegevens